Thúshûs Stap foar Stap behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

oktober 3, 2021 08:38 Fernijd

Op woansdei 29 septimber wie it feest by Thúshûs Stap foar Stap op ’e Jouwer. Sûnt oktober 2018 wurket de lokaasje mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De pedagogysk liedsters hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by harren eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en se hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Om dat te fieren kaam Riemkje Pitstra nei de lokaasje om in Tomke-foarstelling te fersoargjen. Oanslutend hat dy it sertifikaat oan eigner Elizabeth Quartel-Amsterdam oerlange. Foar de oanwêzige bern en âlden wie der in hapke en in drankje.

Foto: Jitske Krol/SFBO

Thúshûs Stap foar Stap en twatalichheid
Thúshûs Stap foar Stap is in partikuliere berne-opfang op ‘e Jouwer. De lokaasje is fêstige yn fersoargingshûs De Flecke. Oant en mei augustus 2021 wiene der twa groepen, ien foar bern fan 0 oant 4 jier en in groep foar bûtenskoalske opfang. Sûnt dit skoaljier wurdt der ek pjutte-opfang bean. Ek op dy groep wurdt it twatalich belied trochsetten.

It wurkjen mei in twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje sa út: guon pedagogyks meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en oaren prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje west om ûnder mear nei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat te sjen. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oare: “Omt it sa hjit is hjoed binne de aktiviteiten oanpast bûtendoar. De pm‘ers sette in bak wetter (ferve) del en soargje foar rôlers (kwasten). De pjutten ‘fervje’ de stiennen muorre. Dêrby komt in protte taal te pas: fervje, stiennen, hielendal brún, wiet, drûch, de rôler, it tobke.”

En oer it pedagogysk taalklimaat: “As se bûten binne, giet der in fleanmasine lûd troch de loft. Bern: ‘In fleantúch. Ik hear him wol. Mar ik sjoch him net!’  Liedster: ‘Wêr soe dy hinne gean?’ Bern: ‘Nei it strantsje.’ (Is bûten De Jouwer!). Pm’er: ‘Miskien giet er wol op fakânsje.’ Sa ûntstiet in petearke oer fakânsje.”

By it sertifisearringstrajekt kriget Thúshûs Stap foar Stap begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. Dêr binne goed 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes by oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

oktober 3, 2021 08:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.