Te grouwe minsken faak ûnderfuorre

oktober 3, 2021 16:42
Foto: Unsplash

Hjoed de dei binne in protte minsken te grou. Tagelyk binne dy minsken faak ûnderfuorre. Dat seit ûndersykster Gerjan Navis fan de Ryksuniversiteit Grins. Hja hat ûndersyk dien nei de sûnens fan te grouwe pasinten yn it Grinzer sikehûs UMCG.

Ut it ûndersyk docht bliken dat de helte fan dy minsken te min aaiwiten, spiermassa, fitaminen of mineralen hawwe. In ferlykber ûndersyk by minsken dy’t net yn it sikehûs lizze, mar oer in lange perioade troch medyske ûndersikers folge wurde, hat deselde útkomst.

Neffens frou Navis en har kollega Iris van Vliet ite minsken te folle guod dat inkeld mar follet en enerzjy jout, mar dêr’t te min kriich yn sit. Neffens frou Navis spilet it probleem oer de hiele wrâld hinne. Hja seit: “De Wereldgezondheidsorganisatie WHO noemt het een dubbele last van over- en ondervoeding.”

Troch de iensidige mielen wurde minsken siik, krije hja in minne kondysje en wurde se minder fluch better nei in sykte of in ûngemak. Binne se dan ek noch te grou, dan jildt dat namste sterker.

Benammen griene griente, aaiwiten en fitamine D wurde faak te min iten, sizze de ûndersyksters. De oplossing is neffens frou Navis ienfâldich: “Het zijn de bekende wijsheden van oma thuis. Je moet goed eten. Vers voedsel, zelf bereid, voornamelijk plantaardig en toch ook op zijn tijd dierlijke eiwitten.”

Hja warskôget ek tsjin de flugge hap, lykas patat en hamburgers. Hja seit dat jonge minsken dêr grou fan wurde, mar âlde minsken falle der krekt fan ôf. Sok iten sitte te min boustiennen yn.

oktober 3, 2021 16:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.