Talintpriis 2021 Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân foar fotograaf Maartje Roos
Resint ferskynd
Maartje Roos kriget de talintpriis 2021 fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Kommissaris fan de Kening, ek foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân, Arno Brok rikt de priis op 30 novimber yn it Provinsjehûs út, tagelyk mei de Fryske Anjer 2021 oan Jentsje Popma.

Maartje Roos (boarne: Prins Bernhard Kultuerfûns)
Maartje Roos (Noardburgum, 1986) skilderet mei fotografy. Wa’t in wurk fan har foar it earst sjocht, twivelet oft it in realistysk skilderij is of in hiel sfearfolle foto. Sy kombinearret har ôfsûnderlike foto’s ta ien byld dêr’t it no, it ferline en de takomst yn byinoar komme. In byld mei in efterlizzend ferhaal. Se brûkt har foto’s, dêr’t ljocht in wichtige rol by spilet, lykas in keunstskilder de ferve. Unyk yn de fotografy. Har folsleine tawijing en presisy dêr’t hja har fak mei útoefenet binne it bewûnderjen wurdich. Alhoewol’t se yn rûnten fan de fotografykeunst net ûnbemurken bleaun is, fertsjinnet dizze fotograaf as keunstner mei alluere wurdearring en omtinken by in grut publyk.
Maartje Roos: “It fielt echt as wurdearring en erkenning en in stimulâns om lekker eigenwiis troch te gean mei wêr’t ik mei dwaande bin. Ik hoopje dat ik yndie in grutter publyk berikke kin en dêr myn wurk fol (ûnderlizzende) ferhalen mei diele kin.”
Talintpriis
De Talintpriis wurdt takend oan in talintearre persoan of groep yn Fryslân dy’t in bysûndere, artistike prestaasje levere hat op it mêd fan kultuer of natuer yn Fryslân en de potinsje hat om him fierder te ûntwikkeljen ta in keunstner of groep mei in suksesfolle karriêre. Maartje Roos kriget in oarkonde en € 1.500.
Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns bringt minsken, wrâlden en ideeën byinoar om kultuer en natuer libje te litten. Tanksij bydragen, fûnsen en prizen ûntsteane nije kulturele inisjativen en wurdt kultureel erfgoed beholden. Dat docht it fûns mei skinkers en makkers, leafhawwers en eksperts, betinkers en beskermers. En mei de bydragen fan de VriendenLoterij, de Nederlandse Loterij en de donateurs. It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielings dy’t it fûns hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje