Tal smokers yn Fryslân yn acht jier mei goed 25% ôfnommen

oktober 2, 2021 08:43

It tal smokers yn Fryslân is tusken 2012 en 2020 ôfnommen mei 26,1%. It sterkst naam it tal smokers yn Tytsjerksteradiel ôf. Dêr is it oanpart ynwenners dat út en troch in sigaret opstekt sels mei 35% fermindere. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan alle GGD’s yn gearwurking mei it RIVM en it CBS.

Foto: pixabay.com

It meast ôfnommen yn Tytsjerksteradiel
Yn Fryslân rûn tusken 2012 en 2020 it tal smokers yn Tystjerksteradiel (-34%) tebek. Yn Ljouwert (-33%), op It Amelân (-32,9%) en yn Opsterlân (-31,6%) is it oanpart smokende ynwenners ek flink tebekrûn.

Net yn alle Fryske gemeenten naam it persintaazje smokende ynwenners ôf. Yn Dantumadiel is it sels mei 5,6% tanommen.

Harns: de skoarstien fan Fryslân
17,6% fan de Friezen jout oan út en troch in sigaret op te stekken. Dat persintaazje is heger as de lanlike trochsneed fan 16,7%. Allinnich yn Limburch en yn Grinslân is it oanpart smokende ynwenners grutter.

Fan gemeente ta gemeente binne de ferskillen grut. Sa wenje yn ferhâlding de measte smokers yn de gemeente Harns (20,8%). Yn Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen (beide 19,8%) is it persintaazje smokers ek relatyf heech.

Ophâlde mei smoken: dit docht de soarchfersekering
Der binne alderhande fergeze helpmiddels beskikber by it ophâlden mei smoken. Mirjam Prins, ekspert soarchfersekeringen by Independer, leit út: “In protte minsken witte net dat profesjonele begelieding by it ophâlden mei smoken folslein fergoede wurdt út de basisferskering wei. En sûnt ferline jier jildt der ek gjin eigen risiko mear. Help by it ophâlden kostet jin dus eins gjin jild.”

Ien kanttekening jout Prins dêr wol by: “Ut de basisfersekering wei wurdt ien kear besykjen om op te hâlden it jier fergoede. Slagget it by jo net yn ien kear of wolle jo in alternative behanneling? Kontrolearje dan oft jo in oanfoljende fersekering hawwe dy’t dêr dekking foar biedt.”

Sjoch foar mear ynformaasje: www.independer.nl/zorgverzekering/info/onderzoek/stoptober-vaker-roken-corona.

oktober 2, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.