Tal hûnrelatearre boeten mei 42% ôfnommen yn Fryslân

oktober 23, 2021 08:50

Yn Fryslân is it tal boeten foar hûne-eigners yn fiif jier tiid mei goed 42% ôfnommen. Wylst yn 2016 jierliks noch 105 bekeuringen útskreaun waarden, wiene dat der ôfrûne jier ‘mar’ 62. It faakst krigen eigners in boete foar it net-oanline útlitten fan de hûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl, dat op basis fan CJIB-gegevens analysearre wêr’t yn Nederlân it faakst hûnrelatearre boeten útdield waarden.

Foto: pixabay.com

De ôfrûne fiif jier waarden yn Nederlân yn totaal 14.267 boeten útdield. It faakst wie dat yn de grutte stêden en de kustgemeenten, mei De Haach (1.373 boeten), Rotterdam (1.234), Utert (638) en Noordwijk (473) as absolute koprinners.

Yn Fryslân ridlik geunstich byld
Lanlik rûn sûnt 2016 it tal boeten mei 70 persint tebek. Tusken  de provinsjes binne grutte ferskillen te sjen. Yn Súd-Hollân gie it om mar leafst 84 persint, wylst dat yn Seelân en Utert om ‘mar’ 34 persint gie. Fryslân mei 42% minder boeten stiet de ridlik geunstich foar.

Trije gemeenten yn Fryslân boppe lanlik trochsneed
Yn Fryslân sitte trije gemeenten boppe de lanlike trochsneed fan 6,3 boeten op 10.000 ynwenners. De gemeente Ljouwert (22,4), Skiermûntseach (21,0) en Flylân (8,5) binne de absolute útsjitters. De oare gemeenten sitte ûnder de trochsneed.

Relatyf in protte gemeenten heffe noch hûnebelesting
Hieltyd mear gemeenten yn Nederlân binne fan it heffen fan hûnebelesting ôfstapt. Yn 169 fan de 352 ûndersochte gemeenten betelje hûnebesitters sûnt 2021 gjin belesting foar de hûn. Dat is in fearn minder as fiif jier lyn. Yn Fryslân heffe trije fan de achttjin gemeenten noch belesting op hûnen. Yn trochsneed betelje Fryske eigners dêr € 73,98. Hûne-eigners op Flylân betelje it measte mei € 79,43.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op www.beslist.nl/info/honden.html.

oktober 23, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.