Taal is middel én doel

oktober 22, 2021 10:04

Reaksje op Pas Taalwet aan voor Fries,
Te Gast fan strafrjochtadvokaat Bart Canoy yn de LC fan woansdei 13 oktober 2021

Moai dat noris in jurist oanjout dat de taalwetjouwing oanpast wurde moat foar it Frysk. Yn syn Te Gast fan 13 oktober giet Bart Canoy yn op it ferlet fan mear tolken en it rjocht om by in rjochtssaak jins memmetaal te brûken. It giet om de kommunikaasje tusken de dielnimmers oan it proses en dy heart tarikkend te wêzen.

Canoy makket ít útgongspunt breder, want by kommunikaasje binne twa poalen belutsen: de sprekker en de harker. Oan de oare kant makket de skriuwer syn redenaasje ek smeller. Mar dêr aanst mear oer.

De utering (ek yn de memmetaal) troch de stjoerder sil goed begrepen wurde moatte troch de ûntfanger; en wol yn beide rjochtingen. As de taal fan de rjochtbank oars is as dy fan de dage partij is der in kommunikaasjeprobleem. Salang’t rjochters it Frysk te min yn ’e macht hawwe, sil dat probleem oplost wurde moatte mei it ynsetten fan tolken. De oanlieding fan it stik is it tekoart oan tolken, mar om dy reden mei it rjocht om jins memmetaal te brûken net yn diskusje brocht wurde. It tolketekoart kin ienfâldich oplost wurde troch der mear op te lieden en dy better te beteljen.

It rjocht om jins eigen taal te brûken jildt foar it Frysk allinnich yn de provinsje Fryslân. Dat is yn tsjinstelling mei alle oare, bûtenlânske talen. Dêr falt dus wol wat te ferbreedzjen.

Mar no dy fersmelling. Dy sit him neffens my yn it neikommende sitaat:

“Maar het recht om Fries te spreken is niet een gunst voor een mens, maar een gunst naar de taal zelf en het behoud daarvan. Zo moet je het zien.”

No giet it dus spesifyk oer it Frysk. By it brûken fan in taal yn de kommunikaasje is dy taal in middel, mar as dy taal it Frysk is, wurdt dat sjoen as in doel. No wurde doel en middel ynienen loskeppele. Dat kin fansels net. Eltse taal is sawol middel as doel. Yn it ûnderwiis binne talen in leardoel; dosinten hawwe it oer de doeltaal. Learlingen wurdt leard om optimaal te kommunisearjen yn taal, mar tagelyk wurde se ek ynfierd yn de taal as kultuergoed. Talich kommunisearjen (as middel) kin net los sjoen wurde fan kultuergoed as doel. It Frysk is dêr gjin útsûndering op. Sa moatte wy it sjen.

It kwoot yn reade letters, Dat recht is een gunst naar de taal zelf, doocht dêrom net. It suggerearret dat it net te rêden is om minsken, mar om taal, alteast it Frysk. Dat is lykwols in ûnmooglike skieding: sûnder minsken gjin kultuer en sûnder taal gjin sprekkers.

Ed Knotter
De Sweach

oktober 22, 2021 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.