Sympoasium oer lienwurden

oktober 7, 2021 15:04

Op freed 22 oktober 2021 hâldt de Stichting Fryske Bibeloersetting in sympoasium oer lienwurden. Mei oersetters, redaksje en oaren dy’t dêr belangstelling foar hawwe en dy’t dêr graach oer meitinke sil it begryp ‘lienwurden’ ferkend wurde.

  • Wat is eins in lienwurd?
  • Is in lienwurd ‘fout’?
  • Wurdt de ‘kwaliteit’ fan it Frysk bedrige troch lienwurden?

Om dy fragen hinne lizze oare: de stichting stribbet nei in nije bibeloersetting yn geef en linich Frysk.

  • Wat is dat krekt?
  • En hat dat ek wat te krijen mei Frysk as sprektaal en/of skriuwtaal?
  • En kinne we foar de nije oersetting dingen leare fan oare oersettingen?

De stichting is tige wiis mei tasizzingen fan betûfte sprekkers. Harren ynbring makket dat it sympoasium de muoite wurdich wurdt! Elkenien dy’t oanwêzich wêze wol wurdt frege om har/him yn gauwens op te jaan by wfbo@ykfe.frl. Nei dat adres kinne ek opmerkingen en/of fragen stjoerd wurde.

Dit sympoasium soe al earder holden wurde, mar troch de koroanamaatregels koe dat net. Sa’t it no liket, binne der gjin behinderingen om it no wol trochgean te litten. It wurdt holden yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert en begjint om 13.00 oere.

oktober 7, 2021 15:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 oktober 8, 08:45

    Iennige behindering sil wêze dat je je QR-koade sjen litte moatte. Zutritt nur für Geimpfte…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.