Stypje it Fryslân Fûns!

oktober 27, 2021 22:00

It Fryslân Fûns wol organisaasjes dy’t mei it Frysk dwaande binne finansjeel stypje om it brûken fan dy taal yn de maatskippij te befoarderjen. By need fia de rjochter. Soks kostet in soad jild. Dêrom is it fûns no teset gien mei in jildswylaksje foar juridyske prosedueren dêr’t it Frysk in bettere posysje mei krije moat. Foarbylden dêrfan binne in rjochtsaak tsjin de gemeente Waadhoeke oer Frysktalige plaknammen en in mooglike rjochtsaak foar better Frysk ûnderwiis.

Sjoch hjirre foar mear ynformaasje: Nije tiden, oare kneppels.

Geane dy inisjativen net troch of binne der sinten oer? Dan is it jild foar oare projekten dy’t it Fryslân Fûns stypje wol. Sjoch op de webside: fryslanfuns.frl

By Omrop Fryslân joech de ponghâlder fan it Fûns in taljochting op de aksje: Fryslân Fûns sammelet jild foar juridyske striid foar de Fryske taal.

It Fryslân Fûns ropt eltsenien dy’t de Fryske taal in waarm hert tadraacht, op om mei te dwaan. Elk bedrach is wolkom.

Klik hjirre om de aksje te stypjen.

It Fryslân Fûns is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging.

oktober 27, 2021 22:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.