‘Stjer’ bêst besjoene film yn Fryslân

oktober 1, 2021 08:57

De Fryske aksjekomeedzje Stjer wie yn septimber fierwei de bêst besjoene film yn Fryslân. Dat docht bliken út in omgong by de Fryske bioskopen del. Sûnt de premjêre op 6 septimber hawwe hast 10.000 besikers de film besjoen. “By ús is it mei ôfstân de bêst besite film”, seit Hans Bosma fan De Bios op It Hearrenfean.

Foto: Stjer Media

Foar Nick van der Berg fan CineSneek komt de grutte tastream fan besikers as in ferrassing. “Ik hie wol ferwachte dat in protte fans fan De Hûnekop de film besjen soene, mar de film lûkt in folle breder publyk. Sander Hakbijl, eigner fan De Bios yn Drachten is it dêrmei iens: “It is opfallend dat alle doelgroepen Stjer ûnderwilens omearmje. De film wurdt breed droegen.”

Foto: Stjer Media

Emiel Stoffers, sjonger fan de Hûnekop en ien fan de makkers fan de film is bliid mei de hege besikersoantallen: “Wy hiene fansels hope dat Stjer in sukses wurde soe. Mar dat bliuwt altyd ôfwachtsjen. Ik bin der tige grutsk op dat safolle minsken entûsjast binne oer de film.”

Foto: Stjer Media

Jan Paul Beverwijk, baas fan Pathé yn Ljouwert, neamde Stjer al earder de bêst skoarende film sûnt de koroanakrisis. “It is poerbêst wat hjir yn Fryslân bart mei Stjer. Wy hoopje dat de film noch in protte besikers lûkt. Mar nei alle loovjende kritiken sjoch ik dat wol goedkommen.”

oktober 1, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.