Steatstafersjoch op de minen: Nederlânske oerheid te sleau mei ierdskokskea Grinslân

oktober 7, 2021 12:26

De Nederlânske oerheid moat hurder wurkje om alle huzen yn it Grinslanner ierdskokskeagebiet te fersterkjen. Dat seit Theodor Kockelkoren, it haad fan it Steatstafersjoch op de minen. Minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren hat yn juny tasein dat alle huzen yn it gebiet ein 2027 fersterke wêze sille.

As de oerheid lykwols net better syn bêst docht, dan slagget dat neffens Kockelkoren nea. Hy sei dat de oerheid no fjouwerhûndert huzen yn it jier ûnder hannen nimt, wylst op syn minst tsientûzen huzen wurk nedich binne. Fan nochris fjirtjintûzen huzen moat noch ûndersocht wurde oft se fersterke wurde moatte. “In het huidige tempo zouden we meer dan twintig jaar nodig hebben”, seit Kockelkoren.

Kockelkoren wiist op de gefolgen dy’t de sleauwens fan de oerheid foar de bewenners hat: “Mensen zijn al jaren aan het wachten op versterking van hun huizen en voelen zich niet gehoord. Dat heeft effect op hun gezondheid. Belangenbehartigers van burgers zijn moe en geven aan dat ze het gevoel hebben niet gehoord te worden. Dat is echt een belangrijk signaal.”

De Grinslanner deputearre Henk Staghouwer is it iens mei wat Kockelkoren seit. Hy seit dat er de oerheid derop oansprekke sil as dy de tasizzing net neikomt.

Dizze wike moandei diene har trije ierdskokken yn Grinslân foar: twa by Seeryp en ien by Appingedam. Neffens saakkundigen is it útsûnderlik dat ierdskokken sa fluch efterinoar oan komme.

oktober 7, 2021 12:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.