Soargen oer takomst Ried fan de Fryske Beweging

oktober 29, 2021 15:04

Ferslach

Hoeveel toekomst heeft de Ried fan de Fryske Beweging nog? Dat is de kop boppe in artikeltsje yn de Ljouwerter krante hjoed nei oanlieding fan de jiergearkomste fan de Ried juster yn Marsum. By dy Grutte Ried, sa’t dy gearkomste neamd wurdt, komme it deistich bestjoer, de stipers en de fertsjintwurdigers fan de njoggen oansletten organisaasjes byinoar om net allinnich oer wenstige saken as jierferslaggen, jierrekkens en begrutting te praten, mar ek oer in tal oare saken de Ried oanbelangjend. Foarich jier koe it fanwege koroana net trochgean. Dizze kear waard op de wurklist spesjaal omtinken frege foar De takomst fan de Ried en foar in Galajûn foar it Frysk.

Gearkomste Ried Fryske Beweging 28-10-21
Foto © Nanne Hoekstra

Oer De takomst fan de Ried makke ponghâlder Arjen Dijkstra ús yn in presintaasje dúdlik dat der reden ta soarch is. De Ried buorket finansjeel efterút, mar faaks noch in gruttere soarch foarmet de gearstalling fan it deistich bestjoer. Fan de sân minsken binne der ynkoarten noch mar fjouwer oer. Oant no ta is it net slagge om kandidaten te finen. Al twa jier siket de Ried om in nije foarsitter om Pier Bergsma april takom jier op te folgjen. Minsken dy’t wol in sit yn it bestjoer fan de Ried hawwe wolle of gaadlike kandidaten foar sa’n post witte, graach trochjaan: ynfo@fryskebeweging.frl.

De funksje fan de Ried waard yn it takomstferhaal ek by stilstien. De Ried is destiids oprjochte om stipe te jaan oan de oansletten selskippen, mar is sa stadichoan hast in organisaasje wurden njonken dy selskippen yn stee fan harren belangen te behertigjen. De Ried hat syn eigen aksjes en projekten, lykas de digitale deikrante It Nijs en magazine DE NIJE. Prachtige produkten, mar tige kwetsber en djoer foar in frijwilligersorganisaasje as de Ried. It bestjoer wol him ynkoarten yn ’e mande mei de oansletten organisaasjes beriede oer de takomstige struktuer fan de Ried.

Galajûn foar it Frysk
Posityf wie de gearkomste oer it idee om de Fryske Reklamepriis te ferfangen troch it ynstellen fan prizen foar ferskate kategoryen oan minsken of organisaasjes dy’t har op in goede wize ûnderskieden hawwe yn it befoarderjen fan it Frysk. De útrikking soe dan plakhawwe moatte op in feestlike Galajûn foar it Frysk, as in soarte fan Oscarútrikking. De provinsjale media hawwe yntusken ek omtinken jûn oan dat inisjatyf. Op 8 novimber wurdt de lêste Fryske Reklamepriis útrikt oan rederij Doeksen.

It juridysk trajekt is ek in weromkommend punt by de Ried, yn ’e mande mei de Feriening Frysk Underwiis (FFU). Kin de Nederlânske steat oanklage wurde om’t er him net hâldt oan it Europeeske Hânfêst en it Ramtferdrach? Advokatekantoar Yspeert út Drachten hat ûndersyk foar ús dien nei de kânsen om sukses te hawwen, mar achtet dy net grut. It punt dêr’t faaks noch fierder mei gien wurde kin, is de eask dy’t yn de wet fêstlein is, dat foar it fak Frysk draachflak nedich is by de skoallen. Foar net ien oar fak wurdt draachflak easke. Dêr soe dus sprake wêze kinne fan diskriminaasje. Wurdt ferfolge. It Fryslân Fûns sammelet yntusken al jild yn foar in proseduere of oare aksjes.

It offisjele part fan de jûn waard ôfsletten troch Nienke Jet de Vries, as provinsjaal beliedsamtner belutsen by Taalplan Frysk 2030. Mei in dúdlik ferhaal waarden de oanwêzigen troch har bypraat oer dat projekt, dat derta liede moat dat de skoallen yn Fryslân it Frysk yn 2030 op alle nivo’s oanbiede.

oktober 29, 2021 15:04
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. wim oktober 29, 17:01

    Hoefolle Stipers hat de Beweging eins?

  2. - oktober 30, 08:27

    Wordt vervolgd : tenei mear

  3. Nynke Beetstra (skriuwer fan de Ried) oktober 30, 16:41

    De Ried hat 270 beteljende stipers. Dat is te lêzen yn it jierferslach https://www.fryskebeweging.frl/wp-content/uploads/2021/05/Jierferslach-Ried-2020.pdf.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.