Sineeske bussjauffeur negearret warskôging foar heechwetter: gefolch trettjin deaden
Resint ferskynd
Yn Sina binne yn elts gefal trettjin minsken om it libben kommen doe’t de bus dêr’t se yn sieten yn in rivier stoarte. It ûngelok barde krekt bûten de stêd Shijiazhuang, 300 kilometer besuden Peking.
Yn it gebiet is in protte reinwetter fallen, rivieren rûnen oer en it lân strûpte derûnder. It ferkear wie warskôge om net oer brêgen te riden, mar de sjauffeur fan de ferûngelokke bus negearre dy warskôging en ried in brêge op dy’t foar in part ûnder wetter stie. De bus rekke derôf en stoarte yn ’e rivier.
Hast fjirtich buspassazjiers hawwe it ûngelok oerlibbe. Sân fan harren binne ferwûne nei it sikehûs brocht. Der wurdt noch in passazjier mist. De sjauffeur is arrestearre.
De swiere reinfal en oerstreamingen hiene yn it troffen gebiet al oan fyftjin minsken it libben koste. Likernôch 120.000 minsken binne evakuearre. Ferwachte wurdt dat in protte boeren yn finansjele problemen komme, want der is mear as 190.000 hektare lânbougrûn ferrinnewearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje