Simone Djurrema: Hûs keapje

oktober 2, 2021 13:05

Kollum

Foto © Simone Djurrema

Ja, it is wier, ien fan de redenen dat wy nei Sweden ferhuze binne is dat de hûzeprizen hjir folle leger leine as yn Fryslân. Mar komt der feroaring yn? Ik begûn dizze kollum te skriuwen om’t ik in blog tsjinkaam dêr’t yn beskreaun stie dat huzen soms wol foar it dûbele fan de fraachpriis ferkocht wurde. Dêr stie in moai foarbyld by, dat ik tocht: dit is nijsgjirrich foar myn trouwe lêzers. Ik wie al in hiel ein mei it skriuwen doe’t ik nei in foarbyld yn dizze omkriten socht. Mar ik koe neat werom fine fan wat der allegear grute waard, fan it artikel yn de Melleruds Nyheter dat de prizen mei wol 80% omheech gien wiene. Der waard hast net bean en as der al bean waard wie it faak ûnder de fraachpriis of like heech. Mar doe fûn ik de statistiken, en dêr hawwe jimme wol wat oan! Dat ik lit de kollum mar sa’t er is en skriuw gewoan fierder.

Doe’t we hjirhinne soene, fûnen we it wol wat spitich dat we ûngefear € 15.000,– minder foar ús hûs krigen as we op hope hiene, mar it wie no of nea! In healjier neidat we hjir kamen kochten we ús twa huzen en in grutte skuorre op in âld boerestee foar ûnder de ton. Wy koene wol in gat yn ’e loft springe! Der siet wol 10.000 kante meter grûn by. Der moast wol in protte oan de beide huzen dien wurde, mar dat hoegde net allegearre yn ien kear, dat dat doarden we wol oan.

Nei in pear jier hawwe we it twadde hûs, mei 2.000 m2 grûn, ferkocht. No kinne we net mear sizze dat we twa huzen hawwe – dat wie altyd wol aardich – mar binnen doe en fiif jier moasten de ruten en de kezinen en miskien ek it dak noch wol ferfongen wurde. Dan hoegden we dêr ek net mear oan te tinken. Wy barden hast likefolle foar dat iene hûs as we foar it hiele spul jûn hiene. We hiene der fansels ek wol wat oan dien, mar de prizen wiene foaral bot omheechgien.

Doe hiene we yn trije jier folle mear as dy € 15.000,– weromfertsjinne! Dy sinten wiene al hast op foardat we se hiene fansels. Efkes in dakje op de skuorre fan 28 meter en noch wat oare dingen. Mar no hawwe we ek in noch legere hypoteek.

Mar dêrnei hold it net op mei de prizestigingen. Dat hat mear as ien oarsaak. Earst wie it trochdat de gemeente in protte asylsikers opnommen hie: sa’n tûzen op in befolking fan njoggentûzen is op de wenningmerk wol te fernimmen. As der gjin hierhuzen binne, ûndersykje de minsken wol de mooglikheid om te keapjen. Dêrnei wiene der blykber ek minsken dy’t de grutte stêden ûntflechten om de eksplosyf oanwaaksende kriminaliteit. Wy hawwe fansels net mei alle minsken praat dy’t út de stêden, bygelyks Trollhättan en Vänersborg, wei ferhuze binne, mar ien stel dat fan oarsprong út Súd-Amearika komt, is út Göteborg wei ferhuze om’t de man al twa kear oerfallen wie. De lêste jierren hearre we hieltyd faker oer bendekriminaliteit, ferkrêftingen, autobrannen, sjit- en stekpartijen en eksploazjes yn stêden. Yn ús gemeente bart soks gelokkich hast nea.

En dan hawwe we noch de pandemy. Minsken wolle nei lytsere plakken ferhúzje om’t dêr minder minsken binne en se dêrtroch ferwachtsje minder risiko op besmetting te rinnen. En de ferkeapsifers fan fakânsjehuzen binne troch it dak gien, om samar te sizzen. Nettsjinsteande dat it reizgjen wer wat frijer wurden is en de minsken dus wer fiowerder fuort kinne, wolle se dochs ek in húske op it plattelân hawwe. It ferskil tusken gewoane huzen en fakânsjehuzen is net altyd like dúdlik. Der binne genôch huzen en pleatsen lykas dat fan ús, dy’t as fakânsjehûs brûkt wurde, dat de hiele huzemerk is knettergek. De simmerhúskes dy’t op tunen set wurde kinne, binne ek net oan te slepen.

En hoe wurket de ferkeap fan Sweedske huzen dan? No, der wurdt in priis opset, meastal in bytsje ûnder de wearde, en dan wurdt it te keap set. Yn it begjin wurdt der iepen hûs holden, dêr’t net allinnich mooglike keapers op ôf komme, mar ek nijsgjirrige minsken dy’t it spul troch it gat sjen wolle. En dan begjint it bieden.

Ik gie op syk nei foarbylden op Hemnet. Jim kinne it folgje mei de keppeling https://www.hemnet.se/salda/bostader. Sko de komma mar ien op: 1.000.000 kroanen = € 100.000,-. Yn de gemeente Mellerud giene guon huzen as waarme broadsjes oer de toanbank! Net allegearre, mar soms wol mei 65%.

En foar wa’t noch sjen wol hoe goed oft de minsken it hûs opromje foar de foto’s fan de makelaar, klik foar de aardichheid mar op wat huzen. Sommige minsken kin it blykber neat skele! https://www.hemnet.se/bostader?by=price&expand_locations=5000&location_ids%5B%5D=17993&order=asc&preferred_sorting=true

Is it dan oer mei de dy lju dy’t by ús komme en troch dy lege hûzeprizen tinke: ‘Misskien wie in fakânsjehúske yn Sweden wol in goede ynvestearring…’? Ik wit it net. Foar wa’t mear as ien kear yn it jier komme kin, kin it bêst, mar oars sizze wy altyd mar sa: “Is karweikjen dyn hobby? Want dat kinst alle fakânsjes dwaan om de boel wer in bytsje op ’e regel te krijen. Do kinst it ek dwaan litte, mar de leanen binne hjir ommers heech. Of ferwachtest dat der in aardige buorman is, dy’t alle wiken wol “eefkes” om ’e nocht meane wol? Dy 10.000 m2 dêr’tst sa bliid mei wiest datst dy foar sa’n bytsje jild op ’e kop tikke hiest?”

Ik sis: “Lit jimme de kop net gek meitsje! It is in wûnder dat alles noch giet sa’t it giet nei de lockdowns, mei alle hege prizen fan boumaterialen, stroom, iten en alles. Der hie al lang in klap op komme moatten, dat hâld de Fryske nochtere kop derfoar en doch gjin gekke dingen. Der komme mindere tiden oan. En wy fiele ús hieltyd better taret!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
oktober 2, 2021 13:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.