Sibe de Sebra (gedicht)
Resint ferskynd
Sibe de Sebra
Yn streken, wyt en swart,
dat is hoe’t Sibe wêze moat.
Mar Sibe wol dat net mear,
rûntsjes wol er, dat jout in oare sfear.
Swart mei wite stippen wol er ha,
en dêrfoar giet er nei de kapper ta.
Dy sjocht it earst net sitten,
mar hat him dochs beprate litten.
It resultaat mei der wêze,
it stiet sels yn de krante te lêzen.
Der komt noch wol in hiel debat,
hoe’t it no mei de sebrapaden moat.
Sibe is der gau klear mei,
helje dy paden mar fan de wei.
Meitsje der rotondes fan,
“Sibesirkels” wurde it dan.
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje