Seis Fryske doarpen blaze erfgoed nij libben yn

oktober 5, 2021 11:00

Seis Fryske doarpen dogge mei oan in priisfraach yn it ramt fan it projekt Erfgoed Deal Waddenkust K(l)eigoed. Op in ynspiraasjemerk hawwe se plannen foar werbestimming fan erfgoed yn harren doarp presintearre. In sjuery sil de plannen beoardielje en makket 16 desimber bekend hokker inisjatyf as bêste befûn is. De bêste ûntwerpen kinne op subsydzje rekkenje.

Terppleats Stilleven Jannum. foto Prov. Fryslân

De Fryske Waadkust is ryk oan moaie âlde gebouwen. Tagelyk hat it gebiet te krijen mei fergrizing, ûntgriening en krimp. Om de woltier yn dy regio te ferbetterjen hawwe ynwenners fan dy seis doarpen plannen makke om karakteristike leechsteande of fertutearze gebouwen in nije bestimming te jaan, yn de foarm fan heechweardige ferbliuwsakkommodaasje. De gebouwen bliuwe sa beholden, leverje in bydrage oan woltier én stimulearje de toeristysk-ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet. It giet om de doarpen Sint-Jabik (wettertoer), Lytsewâld (pleats), Ferwert (eardere herberch/brouwerij), Moarre-Ljussens (suvelfabryk), Seisbierrum (tsjerke) en Holwert (winkel).

Deputearre Klaas Fokkinga, dy’t de ynspiraasjemerk yn de Terppleats Stilleven yn Jannum iepene, is tige te sprekken oer de ynstjoeringen: “Ik fyn it prachtich om te sjen hoe’t doarpsbewenners, eigeners fan de gebouwen, inisjatyfnimmers, oerheden en saakkundigen mei-inoar wurkje om woltier mei erfgoed te ferbetterjen. Ik bin nijsgjirrich hoe’t dy gebouwen aanst opkreaze en wer libbene stiennen wurde.”

Waddenkust K(l)eigoed is in projekt út de lanlike Erfgoed Deal dat ûndertekene is troch oerheden en maatskiplike organisaasjes. As projekten troch it erfgoed in bydrage oan de grutte romtlike opjeften leverje, wurde se finansjeel stipe.

Mear ynformaasje is te finen op https://www.fryslan.frl/ruimtelijkekwaliteit

oktober 5, 2021 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.