Sawa’s yn Fryslân?

oktober 5, 2021 19:45

Foto © Better Wetter

Yn it Brûsplak by Feanwâlden binne de earste ieren al te sjen fan de rys dy’t dêr earder dit jier siedde is. Op himsels is it al bysûnder dat yn Fryslân yn in relatyf kâlde simmer rys waakst. In nijsgjirrich alternayf by it sykjen nei nije gewaaksen yn it feangreidegebiet.

Yn it ramt fan it projekt Better Wetter hawwe studinten fan Aeres MBO Ljouwert (it eardere Nordwin College) by it Brûsplak in tal demonstraasjeplakken oanlein. Dêr wurdt ûnderfining opdien mei wiete tylten. Dit jier binne yn in útgroeven wiet plak seis ferskillende ryssoarten siedde, fiif út Sina en ien út Noard-Italië. It gie om de fraach oft de rys him yn Nederlânske omstannichheden goed ûnwikkelje kin. Dat blykt te kinnen.

By it Brûsplak dogge de tuorrebout, kokel (mattebies) en cranberry it ek. By alle soarten wurdt neigien oft bedriuwen der wat mei fertsjinje kinne. De ûnderfiningen fan dit jier wurde brûkt om takomme jier nije proeven te ûndernimmen. Bedriuwen kinne der ek troch ynspirearre wurde. Rys wurdt oeral yn de wrâld iten, dat de rystylt is tige nijsgjirrich.

Better Wetter is in gearwurkingsferbân yn noardeastlik Fryslân dat rjochte is op takomstbestindich wetterbehear. It wurdt stipe troch de provinsje en Dantumadiel. De partijen dy’t deryn gearwurkje binne: Ekologysk advys- en ûndersyksburo Altenburg & Wymenga, Gemeente Dantumadiel, Wetterskip Fryslân, Van Hall Larenstein, Aeres MBO, Noardlike Fryske Wâlden, Steatsboskbehear, Undernimmersfederaasje Noardeast Fryslân, Fryske Miljeufederaasje, It Fryske Gea en Kenniswurkpleats Noardeast Fryslân. Mearynformaasje: http://www.betterwetter.nl

oktober 5, 2021 19:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.