Sa toskboarstelje jo neffens nij ûndersyk it bêste

oktober 10, 2021 08:00
Foto: Unsplash

In protte minsken toskboarstelje net goed, ek al tinke se fan al. Dat seit de Hoge Gezondheidsraad, de oerheidsorganisaasje foar de sûnens yn België, op basis fan nij ûndersyk.

Twa kear deis toskboarstelje en dat twa minuten lang, is it biedwurd. Dêrnei is it lykwols wichtich om net te lang te spielen. In protte minsken spiele de nuttige fluoriden de mûle wer út, wylst dy no krekt de tosken tsjin gatsjes beskermje.

As tiidstippen binne it gaadlikst: nei it moarnsbrochje en foar’t men op bêd giet. Benammen dat lêste tiidstip is wichtich, want nachts meitsje minsken minder flibe oan en flibe beskermet de tosken ek. De ekstra beskerming fan ‘e fluor is dan tige wolkom.

De Belgyske saakkundigen sizze fierder dat bern better gjin bernetoskboarstlersguod brûke kinne, omdat dêr te min fluor yn sit. Bernetoskjes binne der net goed mei beskerme. Fan gewoan toskboarstlersguod moatte se wol wat minder nimme as grutte minsken, want bern slokke faak it spielwetter troch en tefolle fluor is min foar bern. It advys is om bern likernôch de grutte fan in ryskerrel oan toskboarstlersguod te jaan. Foar har jildt ek dat se koart spiele moatte.

De Gezondheidsraad seit fierder dat it wichtich is om it toskfleis net te ferjitten by it poetsen.

oktober 10, 2021 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.