Rutte hâldt belofte net: útjeften kening bliuwe geheim

oktober 15, 2021 11:46

Demisjonêr premier Mark Rutte hat de Twadde Keamer ferline jier tasein dat er mear ynformaasje jaan soe oer de Ryksútjeften foar it keningshûs. Tongersdei hat er te witten dien dat er dat dochs net dwaan sil. “Ik ben te enthousiast geweest”, sei Rutte.

Kening Willem-Alexander kriget in jierliks salaris fan ien miljoen euro en dêrneist fiif miljoen euro foar personiel- en materiaalkosten. De Twadde Keamer kriget altyd mar in rûch oersjoch fan de besteging fan dat jild en easke mear iepenheid. Dat hie mei it doel dat de Keamer beslute kinne soe oft der reden wie om de útjeften foar it keningshûs te ferheegjen of te ferleegjen.

Dy iepenheid kin er net jaan, sei Rutte, omdat “uitgaven in de privé- en werksfeer lastig te scheiden zijn”. Mear ynformaasje oer de útjeften fan Willem-Alexander soe dy syn privacy oantaaste.

Neffens D66-Keamerlid Joost Sneller doocht it net wat Rutte seit. Neffens him soe net ien steatsrjochtgelearde Rutte syn argumintaasje stypje.

oktober 15, 2021 11:46
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin2.0 oktober 16, 10:18

    No haw ik hielendal neat mei it keningshûs, mar dy pear miljoen euro’s binne in foai. Foar de gewoane man lykje dat trouwens bergen jild, mar elkenien dy’t yn in wat gruttere organisaasje wurke hat wit wol better.

  2. Klaas Aaldert van der Veen oktober 16, 15:39

    Sa as Bill Clinton om mar ien te neamen.

  3. Wim oktober 17, 07:16

    @erwin, wêrom krei ik se dan net? Wêrom hoecht in famylje mei in miljard hast gjin belêsting te beteljen? Dat giet fansels om mear as de 6 miljoen hjirboppe. Guon minsken moatte in krekte km-administraasje by hâlde, mar de kening hoecht neat by te hâlden. Lit him mar de rekkens ynstjinje, dy’t dernei fergoede wurde. Al sjoch ik leaver dat we mei dit sirkus stopje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.