Russyske filmploech werom op ierde nei filmopnames yn it ISS

oktober 19, 2021 08:52 Fernijd

In Russyske aktrise en in kameraman binne sneintemoarn weromkommen út de romte. Joelia Persesild en Klim Sjipenko holden tolve dagen yn it ynternasjonale romtestasjon ISS ta om dêr in film op te nimmen. It wie de earste kear dat parten fan in spylfilm bûten de ierde opnommen waarden.

It ISS (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

Frou Persesild en Sjipenko lânen mei kosmonaut Oleg Novitski koart nei 06.30 oere mei in Sojoez-kapsule mei dêroan parasjutes yn Kazachstan. Joelia Peresild (37) makke opnames foar de film Vizov (De útdaging). Yn de film wurdt in romtefarder net goed. Hy kin net werom nei de ierde. Dêrom giet in sirurch, dy’t troch frou Peresild spile wurdt, de romte yn om him te operearjen en syn libben te rêden. It lêste healoere fan de film spilet him yn it romtestasjon ôf.

De rol fan de sike kosmonaut wurdt spile troch Novitski. Hy hold goed seis moanne yn it ISS ta en gie snein werom mei de filmmakkers. Novitski ferbleau al twa kear earder langere tiid yn it ISS: yn 2012 en 2017. De kosmonaut wie earder yn dokumintêres oer it ISS te sjen, mar hie noch gjin aktearûnderfining.

De Russen fersloegen mei harren opnames yn ’e romte Amerikaanske filmmakkers, want Hollywood hat ek plannen foar opnames oan board fan it ISS. Tom Cruise sil dêr nei alle gedachten begjin 2022 in film meitsje. Hy sil nei it romtestasjon brocht wurde mei de Crew Dragon, in romtereau fan SpaceX, it bedriuw fan miljardêr Elon Musk.

Besjoch in filmke fan de lâning fan Joelia Persesild en Klim Sjipenko op YouTube.

oktober 19, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.