Russyske aktrise en kameraman meitsje film yn ISS
Resint ferskynd
Fan de basis Bajkanoer yn Kazachstan binne in Russyske aktrise en kameraman yn ’e nacht fan moandei op tiisdei op wei gien nei it ynternasjonaal romtestasjon ISS. Se sille dêr, op 430 kilometer hichte, in film opnimme. It is de earste kear dat parten fan in spylfilm bûten de ierde opnommen wurde.
Aktrise Joelia Peresild (37) hat de haadrol yn de nije film Vizov (De útdaging). Yn de film wurdt in romtefarder net goed. Hy kin net werom nei de ierde. Dêrom giet in sirurch, dy’t troch Peresild spile wurdt, de romte yn om him te operearjen en syn libben te rêden. It lêste healoere fan de film spilet him yn it romtestasjon ôf.
De aktrise en kameraman krije help fan de Russyske kosmonaut Anton Sjkaplerov, dy’t al trije kear earder in romtereis makke hat. Yn it romtestasjon hâlde al trije Amerikanen, twa Russen, in Japanner en in Frânsman ta.
Tom Cruise
Peresild en kameraman Klim Sjipenko binne tiisdeitemiddei 14.15 oere Nederlânske tiid by it ISS oankommen. De keppeling duorre sa’n twa oeren en dêrnei koene se it romtestasjon yngean. De aktrise en kameraman bliuwe der hast twa wike.
Mei de filmopnamen yn it ynternasjonaal romtestasjon ferslacht Ruslân de Feriene Steaten. Akteur Tom Cruise wol meikoarten ek in film yn it ISS opnimme. Dêrby is romtefeartbedriuw SpaceX fan Tesla-oprjochter Elon Musk behelle.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje