Romte foar autentike Fryske natuer troch oanpak eksoaten

oktober 23, 2021 10:30

Om it autentike bioferskaat te beskermjen tsjin frjemde plante- en bistesoarten sil de provinsje Fryslân de kommende tiid ynvasive eksoaten bestride en tefoaren komme dat se har hjir definityf fêstigje. De provinsje ûnderskiedt trije opsjes.

De minimale opsje bestiet út it fuortheljen en behearskjen fan de soarten dy’t op de Unielist (Europeeske list fan oan te pakken eksoaten) steane. Yn 2018 hat it Ryk dy ferantwurdlikheid oan de provinsjes oerdroegen. Utsûndering binne de wolhânkrabbe en de Amerikaanske rivierkreeft, dêr’t it Ryk ferantwurdlik foar bliuwt, en de beverrôt en muskusrôt, dêr’t de ferantwurdlikheid fan by de wetterskippen leit. Dy opsje slút oan op de oanpak út it lanlike Masterplan Uitroeiing en Beheersing Unielijstsoorten fan it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.

By de tuskenopsje, dy’t de foarkar fan Deputearre Steaten hat, wurdt dat oanfolle mei in list Fryske eksoaten: soarten dy’t net op de Unielist steane, mar wol foar skea of oerlêst soargje lykas de wetterkrassula en de Aziatyske tûzenknopen. By dy opsje wurdt ynset op gearwurkingsferbannen en kennisdieling.

By de maksimale opsje nimt de provinsje in promininte rol by it tebekkringen fan in grut part fan de eksoaten. De provinsje nimt dêrby in part fan de ferantwurdlikheden en kosten fan oare oerheden oer. It ekonomysk belang en folkssûnens wurdt ek meinommen. Bygelyks de bestriding fan ambrosia dy’t in grutte feroarsaker fan heakoarts is, en de oanpak fan de buksbeamkemot dy’t ekonomyske skea tabringe kin oan buksbeamkekwekerijen.

Ekstra oandachtspunten binne: kennisûntwikkeling, it prioritearjen fan de oanpak fan eksoaten dêr’t Natura 2000-doelen mei yn ’e knel komme, gearwurking mei de ferskate eigeners fan grûn dêr’t eksoaten op foarkomme en it gearwurkjen mei oare partijen yn it gefal fan mienskiplike ferantwurdlikheden. Yn de maksimale opsje is dêr alle romte foar, yn de tuskenopsje foar in part en yn de minimale opsje allinnich dêr’t it mooglik is.

De trije opsjes sille respektyflik sa’n 100.000, 300.000 of 800.000 euro yn it jier kostje. Op 15 desimber moatte Provinsjale Steaten kieze. Op grûn dêrfan komt yn 2022 in beliedsnota út. Sûnt 2018 hat de bestriding fan eksoaten de provinsje goed seis miljoen euro koste.

oktober 23, 2021 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.