Ried praat mei deputearre Poepjes oer posysje Frysk

oktober 30, 2021 07:27

Freed 28 oktober hiene foarsitter Pier Bergsma, ponghâlder Arjen Dijkstra en skriuwer Nynke Beetstra fan de Ried fan de Fryske Beweging op it Provinsjehûs in petear mei deputearre Sietske Poepjes oer it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Alle bytsjes helpe en we hawwe dan ek ús wurdearring útsprutsen foar it beskikber stellen fan 100.000 euro foar gemeenten, ûndernimmers en ferieningen om it Frysk better sichtber te meitsjen. Mar der binne ek noch tal fan saken dy’t better kinne en better moatte.

Ekonomyske needsaak
It Frysk is net allinnich de taal fan it hert, mar ek fan de sinten. Salang’t der gjin needsaak is of field wurdt om it Frysk te behearskjen, sjocht de takomst der net goed út neffens de Ried. Op de fraach Wêrom soe ik Frysk leare moatte? soe it antwurd wêze moatte: Om’t ik oars gjin baan yn Fryslân krije kin by de oerheid, yn it ûnderwiis, yn de soarch en faaks noch inkele domeinen. Dat hâldt dus yn dat by sokke ynstellingen it Frysk in funksje-eask wêze moat. By de Provinsje wurdt op syn minst in passive behearsking frege en binne der kursussen om it praten en skriuwen te learen.

Sichtberheid
Bettere sichtberheid fan it Frysk is in spearpunt fan de Provinsje. De deputearre is har derfan bewust dat dêr noch in soad te ferbetterjen is. De Ried neamt as negative foarbylden it sa goed as folslein ûntbrekken fan Frysk by projekten as Roze Zaterdag en Arcadia. Ek organisaasjes as Keunstwurk en Doarpswurk brûke op harren websiden en yn harren nijsbrieven amper Frysk, wylst se swier subsidiearre wurde troch de Provinsje. De Ried fynt dat de Provinsje oan de ynstellingen dy’t subsydzje krije, net allinnich easken stelle moat oangeande it brûken fan it Frysk, mar dat dêr ek op hanthavene wurde moat. As se har net oan de betingsten hâlde, soe de Provinsje subsydzje ynhâlde moatte.

Simmerskoallen Frysk
Troch koroana is der fan it foarstel fan de Ried om op de simmerskoallen yn Fryslân ek it fak Frysk te jaan noch gjin wurk makke. De deputearre stipet it plan fan herte, mar kin der gjin organisatoaryske rol yn spylje. Yn it oerlis dat se dy dei noch hat mei de ûnderwiiskoepels sil se it foarstel yn de weak lizze. Ofpraat wurdt dat de Ried foar it folgjende oerlis tusken deputearre en ûnderwiiskoepels in stik oanleveret oer doel en opset fan de simmerskoalle Frysk.

Stipe foar It Nijs en DE NIJE
De deputearre is te sprekken oer de kwaliteit fan DE NIJE. Foarsitter Pier Bergsma fan de Ried jout oan dat sawol It Nijs as DE NIJE kwetsber binne en ôfhinklik fan in pear minsken, meast frijwilligers, faak al op jierren. Beide media binne leechdrompelich, foar in breed publyk en dêrom posityf foar de posysje fan it Frysk. It bêste soe wêze dat ûnder DE NIJE, mar leafst ek ûnder It Nijs in mear profesjonele basis kaam te lizzen. De Afûk soe dêr hiel geskikt foar wêze. It soe dan ek breder lutsen wurde kinne mei geregeld publikaasjes deryn fan ynstellingen as de Afûk, de Fryske Akademy en Tresoar. It liket de deputearre in goed plan en se seit ta dermei oan ’ae slach te gean.

Nei dit noflike en fruchtbere oerlis prate we ôf dat we yn jannewaris wer om de tafel sille om te sjen hoe’t it der dan foarstiet mei de saken dy’t we ôfpraat hawwe.

Nynke Beetstra, skriuwer

 

oktober 30, 2021 07:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.