Rêstende winterfûgels yn Fryske marren

oktober 2, 2021 08:42

Foto Prov. Fryslân

De provinsje Fryslân freget wettersporters en fiskers om fan 1 oktober oant 1 april de fûgelrêstgebieten net yn te farren. Dêr oerwinterje kwetsbere wetterfûgels. Dy plakken binne markearre mei giele boeien beplakt mei blauwe stikkers.

It giet om de fûgelrestgebieten fan Natura 2000 yn de Snitser Mar en omjouwing, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeasterbrekken, de Fluezen en de Alde Feanen. Se lizze net op drokke farrûten of yn soalen, mar by de ûndjippe rânen fan de marren. Wettersporters en sportfiskers kinne gebrûk meitsje fan de soalen.

Takomme jier wurde de fûgelrêstgebieten evaluearre. De provinsje Fryslân makket dan mei mei de belutsen partijen in nij behearplan.

Mear ynformaasje en in kaart mei de gebieten binne te finen op www.fryslan.frl/fy/fugelrestgebiet.

oktober 2, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. LB oktober 2, 09:06

    Provinsje, wêr is it Frysk? Fûgelrêstgebiet/Vogelrustgebied.

  2. LB oktober 2, 21:24

    Ik bedoel wêrom is dy stikker net twatalich?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.