Rekôrtal wylde bargen ôfsketten yn Feluwske bosken fanwege tekoart oan fretten

oktober 9, 2021 09:13

Yn ’e ôfrûne trije moanne binne op de Feluwe fiiftûzen wylde bargen ôfsketten, in rekôr. Nea earder waarden yn dat natuergebiet yn sa’n koarte tiid safolle bisten deamakke. De wylbehearders sizze dat it ôfsjitten dit jier relatyf maklik giet. Der is net folle fretten en dêrtroch komme de swinen faker de bosken út.

Foto: pixabay.com

Dit seizoen libje der likernôch tsientûzen wylde bargen yn it natuergebiet en dat binne der fierste folle. It is de bedoeling dat der op syn meast 1350 oerbliuwe. Neffens de eigners fan de bosken, ûnder oare Steatsboskbehear, Natuermonuminten en it Geldersch Landschap, is op de Feluwe mar romte foar in beheind tal wylde swinen. Mear as 1350 is min foar de kwaliteit fan de bosken, mei’t de bisten de jonge oanwaaks opfrette. Der soene dan ek mear oanridingen wêze.

De wyldbehearders slagje der al jierren net mear yn om it tal wylde swinen op it winske oantal te hâlden. Sterker noch, it tal op ’e Feluwe is de ôfrûne twa jier eksplodearre. Yn 2019 wiene der noch 4800 wylde bargen en ôfrûne simmer dus al tsientûzen. Dat der sa’n protte by komme, komt benammen trochdat der de ôfrûne jierren in soad fretten yn de bosken wie. Der giene amper swinen dea fan de honger en se koene har poerbêst fuortplantsje. Beammen en planten joegen acht jier efterinoar folle mear fruchten en nuten as normaal. In langere tiid fan waarmte en drûchte, folge troch in protte reinwetter, soarget derfoar dat beammen optimaal produsearje kinne. Der foarmet him dan in tsjokke laach fan fruchten en nuten op ‘e grûn.

Dit jier is de situaasje oars, seit in wurdfierder fan de Faunabehearienheid Gelderlân. Alle bûkenútsjes en ikels dy’t nachts fan de beammen falle, wurde fuortdaliks opfretten. Njonken dat swinen ôfsketten wurde troch wyldbehearders, wurde se ek proai fan de wolf, dy’t no ek yn de bosken tahâldt.

oktober 9, 2021 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.