Reformaasje

oktober 17, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

De beweging dy’t Luther, Zwingli en Kalvyn op gong brocht ha, neame wy de reformaasje. Yn Nederlân wie yn it begjin fan de 19de iuw ek sa’n opwekkingsbeweging: it Reveil en yn Fryslân: it Frysk reveil.
It boek Deuteronomium is de delslach fan sa’n geastlike reformaasje. Nei alle gedachten giet it hjir om it reveil ûnder Josia, dat beskreaun is yn 2 Keningen 22 en 23. Alde regels wurde tapast op ’e aktualiteit.

De prekers út dy tiid kieze foar in ynkringende, fermoanjende wize fan fertellen. Se litte it foarkomme as is it Mozes sels dy’t oan it wurd is. Mei it gesach fan Mozes wolle se Israel bringe ta it op ’e nij en bewust belibjen fan it ferbûn mei God. Foar Joaden leit it hert fan Deuteronomium yn it ‘Sjema’:

“Harkje (Sjema) Israel, de Heare ús God, de Heare is IEN(nich). Dat do moatst de Heare dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert en mei dyn hiele siel en mei al dyn macht…” (Deuteronomium 6:4).

Mei dy wurden op ’e lippen gongen Joaden de gaskeamers fan Nazy-Dútslân yn! Dêrmei belieden se dat der mar IEN it lêste wurd hat en fielden se har ferheven boppe de smearlapperij fan Hitler.
Uteinlings is der mar IEN: de almacht fan leafde. Lit elk dy’t fassinearre wurdt troch in hearleger oan goaden, hearen en machten, dat goed yn ’e earen knoopje.

Sacharja ferwachtet dat de God fan Israel yn it kommende ryk de Hear fan alle folken wêze sil (14:9).
Fan de minsken wurdt frege om de geboaden fan God de bern yn te skerpjen en deroer te praten. It advys is om dy geboaden op ’e hân te binen, op it hûs en op ’e poarte. Soe dat net betsjutte dat wy dy geboaden hannen en fuotten jaan moatte, dat wy se yn dieden omsette moatte? Dat wy se jilde litte moatte yn ’e húshâlding en yn it sosjale en politike libben?

Lêze: Deuteronomium 6:4-9; 20-25

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
oktober 17, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.