Reade Krús sammelet jild yn foar iten, sjampoo en ruften

oktober 11, 2021 08:35

Foto: pixabay.com

It Reade Krús sammelet noch hieltyd guod yn foar Nederlanners dy’t finansjeel troffen binne troch de koroanakrisis, berjochtet de helporganisaasje. Minsken sitte yn ’e neisleep fan de krisis yn jildneed. Hja binne ôfhinklik fan fiedselhelp en ek foar oare earst libbensferlet faak op help oanwiisd.

Sûnt it begjin fan de koroanagoarre stelt it Reade Krús boadskippekaarten beskikber, no yn trochsneed 5750 wyks, oan húshâldens, zzp’ers en allinnichsteande memmen. Sûnt septimber dielt it Reade Krús ek kaarten út dêr’t fersoargingsprodukten mei kocht wurde kinne. Dat binne der likernôch 7500 yn ’e moanne.

Neffens it Reade Krús libje tûzenen minsken yn earmoed troch de neisleep fan koroana. Harren wurksumheden komme mar stadichoan op gong en minsken hawwe soms út need skulden makke. In part fan harren kin foar help net by de wenstige kanalen terjochte.

Wa’t dat wol, kin jild donearje op gironûmer 7244.

oktober 11, 2021 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.