PvdA Ljouwert yn noed oer earmoede troch enerzjytransysje

oktober 5, 2021 11:25

Undersyksorganisaasje TNO kaam ferline wike mei in rapport oer enerzjyearmoede. Dêr hawwe mear as in heal miljoen húshâldingen yn Nederlân mei te meitsjen: in hege enerzjyrekken, faak in min isolearre hûs en in leech ynkommen. TNO ferwachtet wol dat de enerzjytransysje op de lange termyn foar húshâldingen goedkeaper útpakt, mar yn de earstkommende jierren geane de kosten omheech. Foar minsken mei in leech ynkommen is dat funest.

Yn Ljouwert is de PvdA bang dat, no’t de enerzjyrekkens ferskriklik omheech gean sille, in protte húshâldingen it hûs net mear waarm krije. De riedsfraksje wol dêrom fan it kolleezje fan B&W witte oft it sicht hat op hoefolle húshâldingen yn de problemen komme en watfoar mooglikheden de gemeente hat om dy groep finansjeel yn ’e mjitte te kommen. De fraksje freget ek watfoar in bedrach sokke húshâldingen nedich hawwe om de enerzjytransysje te realisearjen en watfoar inisjativen it kolleezje tinkt te nimmen of al nommen hat.

oktober 5, 2021 11:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.