Puigdemont mei werom nei België
Resint ferskynd

De Kataaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont wurdt ynearsten net útlevere oan Spanje. Puigdemont is yn Italië oanhâlden woarn, om’t der in ynternasjonaal opspoaringsbefel tsjin him bestiet. Spanje wol Puigdemont berjochtsje foar syn dielname oan de organisaasje fan it Katalaanske referindum oer ôfskieding yn 2017. Puigdemont ferbliuwt al fjouwer jier yn it bûtenlân en wennet yn België.
Puigdemont wie op Sardinië om mei politisy te praten dy’t foarstanner binne fan in eigen Sardijnske steat. Dêr waard er troch de Italiaanske plysje oppakt. De Italiaanske justysje hat lykwols besletten om Puigdemont net oan Spanje út te leverjen. Op it stuit moat it Europeeske Hof fan justysje beoardielje oft Puigdemont as lid fan it Europeesk Parlemint syn ûnskeinberens ferlieze kin. As dat net sa is, mei er net útlevere wurde. Fierder bestiet ‘reboelje’ – de misdie dêr’t Puigdemont yn Spanje fan beskuldige wurdt, yn Italië net, wat útlevering ek yn it paad stiet.
Puigdemont mei werom nei België. Justysje yn dat lân woe him fan it begjin ôf net útleverje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje