Publyksstimming Liet 2021 set útein

oktober 1, 2021 08:34

It publyk kin fan moandei 4 oktober ôf online in stim útbringe op ien fan de alve akts dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2021.

2nd TRY (foto: Truida Sluiman)

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op woansdei 17 novimber holden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De twa acts mei de measte stimmen fan it publyk kwalifisearje harren streekrjocht foar de finale. Der kin stimd wurde op www.liet.frl.

De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch in seleksjesjuery, besteande út Bob de Boer, Ella de Jong, Sigrid Kingma, Nick Veenstra en Wytse Dijkstra.

Foute Bull (foto: Truida Sluiman)

“We ha in dreech jier achter de rêch, dat jildt ek foar de muzikanten”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet. “Mar de muzikanten ha net stilsitten, blykt út de ynstjoeringen. We binne der wiis mei dat de Fryske muzyk libbet.”

De digitale stimming is iepen oant 18 oktober. De acts dêr’t op stimd wurde kin, binne Adri de Boer, Sequens, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, Samar Watt, Bron, Foute Bull, Jan Venema, Volk!!, 2nd TRY en Rene de Jong, Lars Mulder en band.

The Lone Wolf (foto: Truida Sluiman)

Van der Veer: “Foarich jier brochten de ynwenners fan Fryslân goed 2.400 stimmen út, dat wie sa’n 20% mear as it jier dêrfoar. In goed teken en we hoopje dat de groei trochset.”

De kaartferkeap foar de finale fan Liet 2021 set ynkoarten útein fia Neushoorn.

oktober 1, 2021 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.