Programma Noardlik Filmfestival 2021 is bekend

oktober 23, 2021 09:08

It programma fan it Noardlik Filmfestival 2021 is bekend. Op noordelijkfilmfestival.nl stiet alle ynformaasje oer de films, de spesjale ûnderdielen en de lokaasjes. Besikers kinne alfêst harren festivalrûte útstippelje mei help fan it ynteraktive blokkeskema en de YouTube-spyllist. It blokkeskema is ek del te heljen en út te printsjen. Dit jier is bewust keazen om gjin programmaboekje printsje te litten, mei it each op duorsumens. Op moandei 1 novimber set de kaartferkeap útein.

Byld út de film ‘Betrayed’ (boarne: Noardlik Filmfestival)

Mei Noardse Fokus hat it Noardlik Filmfestival in unyk, ynternasjonaal haadprogramma, in wiidweidige filmekspedysje troch in breed Noard-Europa. Goed tritich films út benammen Noarwegen, Sweden, Denemarken, IIslân en Finlân, en in stikmannich films út Letlân, Ierlân, Nederlân en de Faroëreilannen steane op it programma. Fan in poëtysk portret fan it Waadgebiet (Silence of the Tides) en in ysbaarlike spionaazjethriller (The Spy) oant it meislepend sportdrama oer Martin Bengtsson (Tigers) en in a-typyske Finske aksjethriller (The blind man who did not want to see Titanic). In grut part fan de films dy’t te sjen binne, wurdt yn Nederlân allinnich op it Noardlik Filmfestival fertoand.

Nije ynfollingen
‘Different but familiar’ is it biedwurd fan it Noardlik Filmfestival 2021. In protte fan it programma, de lokaasjes en de sfear is lykas wenst en fertroud. Mar der binne nije lokaasjes, der is mei EcoCinema in nij programmaûnderdiel en guon saken binne, troch de koroanapandemy, krekt wat oars as oars. Sa is bygelyks mei de festivaldagen in tal films ek thús te besjen en is it festival ferplichte om him op de fysike lokaasjes oan de jildende maatregels fan it RIVM te hâlden.

EcoCinema
Duorsumens is in wichtich tema fan de edysje fan dit jier. Mei it Noardlik Filmfestival binne sân ynspirearjende dokumintêres te sjen oer ûnderwerpen as klimaatferoaring, de natuer en duorsumens. Lykas Journey to Utopia, oer in Noarske húshâlding dy’t nei in selsfoarsjennende ekomienskip ferhuzet. Of de Deenske dokumintêre Making a Mountain, oer in arsjitekt dy’t de grutste ôffal-ta-enerzysintrale op ’e wrâld bout, mei in skibaan op it dak. By de dokumintêres wurde ferskate ynliedingen en fraach-en-antwurdsesjes holden. Der binne ek films yn de oare programmaûnderdielen dy’t mei EcoCinema oerlaapje.

Spesjale ûnderdielen en oare programma’s
Bekende ûnderdielen lykas it Noarderkroan-programma, The 48 Hour Film Project, livemuzyk, ferskate film- & yteveneminten en it Juniorprogramma komme werom. Dêrneist stean in tal nije spesjale fertoaningen op it programma. Sa is der bygelyks de mooglikheid om mei te dwaan oan de Dial Q Filmkwis, de premjêre fan de nije en spannende Noarske searje Furia wêze mei te meitsjen, it fergeze dichtfilms-evenemint PoëCinema by te wenjen of de bysûndere filmynstallaasje Bergman yn Uganda te ûntdekken.

Ferskate lokaasjes
Fan 10 oant en mei 14 novimber binne Stedsskouboarch De Harmonie en Slieker Film it hert fan it Noardlik Filmfestival. Der binne ek films te sjen yn ien seal fan de nagelnije Pathé yn Ljouwert en in tal spesjale fertoaningen yn Neushoorn. Fierder giet it festival op reis troch Fryslân; in seleksje films is ek te sjen yn De Lawei yn Drachten op freed en sneon en De Koornbeurs yn Frentsjer op sneon.

oktober 23, 2021 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.