Programma Gysbert Japicxpriiswike

oktober 24, 2021 08:41

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber wurdt him de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriiswike holden.

Boarne: Tresoar

Moandei 1 novimber | literêre jûn
Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere. Om wis fan in plakje te wêzen is it saak om jin yn ‘t foar oan te melden.

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal programma
Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal programma yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy’t in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sil in oantal dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavonde’ it ferhaal oer harren gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It programma wurdt ôfsletten mei muzyk.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere. Om wis fan in plakje te wêzen is it saak om jin foarôf oan te melden.

Mear aktiviteiten
Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriiswike jouwe bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje.

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf programma oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.

oktober 24, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.