Presintaasje nije roman ‘Hertsear’ fan Jikke Olivier

oktober 11, 2021 08:01

Mids famylje en freonen krige skriuwster Jikke Olivier fan Kollum sneontemiddei 9 oktober 2021 it earste eksimplaar fan har nije roman Hertsear út hannen fan Martsje de Jong fan útjouwerij KFFB. It tankwurd fan de skriuwster wie foar de KFFB, de meilêzers en omslachûntwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar. 

Foto: Willem Verbeek

Foto: Willem Verbeek

De roman Hertsear giet oer de gefolgen fan in ferkearsûngelok dat fataal is foar de dieder en de neibesteanden fan it slachtoffer. Wilt Jorna, in jongeman fan tritich jier, rint de Camino del Norte nei Santiago de Compostella om it trauma dat er oardel jier earder oprûn hat te ferwurkjen. Bûten syn skuld om hat er in fytser fan 19 jier oanriden, dy’t de klap net oerlibbe hat. Hy is troch de rjochter frijsprutsen, mar Wilt fielt him likegoed noch skuldich oan de dea fan de jonge.

Underweis moetet er oare pylgers, elk mei in eigen ferhaal. Ien fan harren is Amy Carpenter, in jonge Kanadeeske frou dy’t har âlders koartlyn ferlern har as gefolch fan in ferkearsûngelok. Sy hat allinne mar haatgefoelens foar de dieder oer. Beide jonge minsken besykje in paad te finen om it libben wer oan te kinnen. Dat falt lang net ta.

Hertsear is de tredde roman fan Jikke Olivier. Yn 2018 ferskynde har debútroman SKULD en yn 2020 In soarte fan brekken.

oktober 11, 2021 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.