Presintaasje blomlêzing LHBTY+-literatuer op Rôze Sneon

oktober 15, 2021 08:48

Op Rôze Sneon, 16 oktober, presintearje Tresoar, Afûk en Ljouwert City of Literature de bondel Do draachst de leafde oan. Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril. De bondel befettet poëzij- en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk.

Boarne: Afûk

De titel fan de blomlêzing, Do draachst de leafde oan, is ûntliend oan in fers fan Tsjits Peanstra.

De goed hûndert opnommen fragminten binne sammele troch in redaksjeteam dat bestie út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De âldste tekst is út ’e santjinde iuw, Aan Elisene fan Titia Brongersma. De jongste opnommen skriuwer is Joël Hut, dy’t ferline jier debutearre mei de dichtbondel Börtersgrut.
G
edichten en proaza yn it Frysk of in Fryske streektaal binne oerset nei it Nederlânsk. De fragminten dy’t oarspronklik Nederlânsktalich wiene, binne oerset nei it Frysk.

Fanwegen koroana is de Rôze Sneon, en dêrmei ek de blomlêzing, oan twa kear ta ferskood. Dat hat ek wat goeds opsmiten, want in lettere deadline hat noch aardich wat nije gedichten en proazafragminten oplevere. Wa’t no siket nei LHBTY+-literatuer út Fryslân hat mei dizze blomlêzing hoe dan ek in moai begjin yn ’e hannen.

De bondel wurdt op sneon 16 oktober om 14.00 oere by Tresoar yn Ljouwert presintearre. By de presintaasje wurdt Janneke Spoelstra ynterviewd oer it tastânkommen fan de bondel en drage Roel Slofstra en Joël Hut foar út de bondel. Jelle Krol, dy’t it inisjatyf foar de bondel naam, sil it earste eksimplaar oan Sipke Jan Bousema oerlangje. Muzyk is der fan Minke Soolsma; de presintaasje is yn hannen fan Doeke Sijens.

Wa’t op sneon 16 oktober oanwêzich wêze wol, kin him/har opjaan by Tresoar (info@tresoar.nl). De bondel is by de presintaasje te keap (€ 35,00) en dêrnei te keap by de Afûkwinkel en -webwinkel.

oktober 15, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.