Pankoektrein

oktober 9, 2021 15:57

Toeristyske wink

Aanst is it wer hjerstfakânsje en wurdt it wer tiid foar de bern en bernsbern om pake en beppe te fermeitsjen, of krektoarsom. Wolno, dêr is in nijsgjirige gelegenheid foar yn Marrum, dêr’t foarhinne It Dokkumer lokaaltsje by lâns ried, oer de spoardyk rûn tusken Ljouwert en Eanjum.

Foto © MV

No stiet by it âlde stasjon op perron 1 de Humbolt, in stoomlokomotyf út 1914. mei dêrefter de twa prachtige kûpees mei de mooglikheid om dêr hearlike pankoeken yn te iten. Op perron 2 stiet in Sik disellokomotyf mei ien kûpee, dat der is plak genôch foar yn totaal 120 minsken.

Men komt der by it stasjon yn en dan begjint de fantasytocht troch it gebou en oer it terrein. Om fierder te kommen moat by it loket fansels in kaartsje fan sjef Trijntje kocht wurde. Dêr is ek de wachtromte tredde klasse, mei in permaninte eksposysje. It hert fan it gebou is fansels de masinekeamer, dy’t no as keuken brûkt wurdt. Men priuwt daliks de sfear fan earder tiden.

Foto © MV

Uteinllik sit men yn ien fan de wagons, dêr’t mei in bysûndere tjinstregeling de bestelling opnommen wurde kin. Mei in oandwaanlik toaniel spylje de meiwurkers mei gloede harren rol as kondukteur of konduktrise. Wat letter wurde de pankoeken troch in spesjaal laad de wagon yn skood en dan kin it feest los. Nei al dy yndrukken wurdt men ek wol roppich.

Fansels binne der de needsaaklike foarsjenningen lykas in húske. Dat is yn de jirpelwagon út 1951, dy’t it keninlik rydtúch neamd wurdt. Fierder kin men noch mear treinen besjen en der is in winkel mei u.o. boartersguod. Der kinne de bern ek boartsje.

Koartsein, in hiele ûnderfining en mei in soad wille foar elkenien en net te ferjitten it noflike miel. Foar pake en beppe is it in weromkommen nei hoe’t eartiids op it spoar wie. Allinnich ûntbrekt de stoom en it lûd fan it izeren meunster.

Adres: Stasjonswei 24, Marrum
Iepen: woansdei o/m snein fan 12 oant 21 oere.
Site: https://depannekoektrein.nl

Matthijs Verkuijl

oktober 9, 2021 15:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.