Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesiefestival op 14 oktober
Resint ferskynd
Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesiepoëzijfestival yn Brussel. Hy sil mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt opgean. Neist foarlêze út har eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp frijheid en identiteit. It evenemint sil opnommen wurde en letter werom te sjen wêzen.
It Transpoesiefestival is fan 23 septimber oant en mei 21 oktober en omfettet ferskate eveneminten. It wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan Talen en Taaldiversiteit (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema ‘To be in the (k)now – poetry as a means of social expression’. Op dy wize wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat yn Europa fergrutsje.
Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy wenne 18 jier yn Grins. Fan 2009 oant 2013 hat er yn Snits wenne, mar no wennet er wer yn Ljouwert. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal hat fierders webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh west. Oant juny 2011 wie er ek poëzijbesprekker foar it Frysk Deiblêd. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.
Foar mear ynformaasje hâld www.transpoesie.eu en harren Facebookside yn ’e gaten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje