Oprop Visit Fryslân resultearret yn eksposysje mei goed tûzen Fryske kimen

oktober 14, 2021 09:04

Goed tûzen ynstjoerde hoarizonnen fan it Fryske lânskip steane sintraal yn de eksposysje Hulde aan de Horizon. Mei-inoar foarmje se ien kime.

Foto: Lucas Kemper

De útstalling yn Park Fiversburch waard woansdei offisjeel iepene troch deputearre rekreaasje en toerisme Avine Fokkens-Kelder yn oanwêzigens fan Bouke Kors, manager Visit Fryslân, en Milfred Hart, regiodirekteur Arriva Noard. De digitale hoarizon huldeaandehorizon.nl as bûteneksposysje is foar publyk te sjen fan 14 oktober o/m 21 desimber 2021.

Foto: Lucas Kemper

Hulde oan de Hoarizon
Visit Fryslân sette yn july dit jier útein mei Hulde oan de Hoarizon mei de oprop in oade oan it Fryske lânskip te bringen troch de Fryske kime fêst te lizzen en yn te stjoeren. Yn totaal binne der ûnderwilens 1.500 foto’s ynstjoerd. Ynstjoere kin noch hieltyd fia huldeaandehorizon.nl.

Foto: Lucas Kemper

Doel fan it inisjatyf is om it Fryske lânskip yn ’e skynwerpers te setten mei Oade oan it Lânskip, yn it lanlike temajier fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme en Kongressen. Dêrneist wol Visit Fryslân mei it inisjatyf it toeristysk seizoen stimulearje. Sa krije de ynstjoerders fan de foto’s dy’t in plak yn ’e eksposysje krigen ha, yn ’e hjerstfakânsje trije dagen lang fergees tagong ta de eksposysje. Mear ynformaasje oer de eksposysje is te finen op friesland.nl/hulde.

oktober 14, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.