Oprop dokters: help mei om grôtfolle sikehuzen te ferhoedzjen

oktober 31, 2021 19:21
Foto: Unsplash / NCI

By de novimbermoanne lâns bedarje gâns ljuwe op ‘e slankje-en-skermke-keamers fan de sikehuzen. It kin samar wêze dat der foar elke pasjint samar net in bêd is. Dat ornearje de haden fan ‘e ôfdielings yntinsive soarch fan ‘e acht akademyske sikehuzen yn Nederlân.

Neffens de acht skypje hurd mear minsken de koroanasykte, wylst dêrneffens de gryp en oare hjerstkrupsjes oanboazje, no’t it kâlder en wieter woarn is. It RIVM die hjoed te witten dat hjoed 8219 minsken neffens in test mei koroana oanhelle binne. Dat binne 243 mear as juster. Safolle koroanalijers hawwe der foar ‘t lêst op 19 july west, doe’t de jeugd ûnder it biedwurd ‘dansen met Janssen’ fluch in pripke helle en doe te bier gie.

Op ‘e ôfdielings yntinsive soarch yn Nederlân lizze op it stuit 758 pasjinten en dêrfan hawwe 220 koroana. Offisjeel binne der 1350 bêden op yntinsive-soarchôfielings, mar der binne te min sikebruorren en -susters en dokters om safolle pasjinten helpe te kinnen. Boppedat wolle de sikehuzen op alle bêden gjin koroanapasjinten mear hawwe, mei’t der dan foar oaren te min plak is.

Neffens Peter van der Voort fan it Grinzer akademyske sikehûs UMCG moatte no al rûnom yn Nederlân wichtige operaasjes ôfsein wurde, om’t sikehuzen it te drok hawwe. Hertoperaasjes wurde opskood, tumoaren wurde letter fuortsnien. Van der Voort seit dat de sikehuzen hurd ferpleechsters fan oare ôfdielings oan it oplieden binne om op ‘e slankje-en-skermke-keamers te wurkjen, mar dat soks altiten oardel jier kostet. Op ‘t stuit moatte hja gauris twaris safolle ljuwe fersoargje as ornaris en dat makket dat der troch de drokte faker dingen ferkeard geane.

Neffens de acht dokters is it wichtich dat mear minsken in prip helje en dat minsken soargje dat se fan ‘t hjerst gjin oaren besmette kinne. Dat kin, sa ornearje hja, troch mear ôfstân fan oaren te hâlden, mûlkapkes foar te binen en gebouwen te sluten dêr’t in soad minsken komme dy’t inoar besmette kinne, lykas tsjerken, bioskopen en kafees. De acht roppe de polityk en de sljochtweihinne Nederlanner op, dat hja harres derta dogge om it ferjettere soarchpersoniel wurk út ‘e hannen te nimmen.

oktober 31, 2021 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.