O.C. Hooymeijer wint Gerrit Bennerpriis 2021

oktober 7, 2021 08:41

O.C. Hooymeijer út Spangea is de winner fan de Gerrit Bennerpriis 2021. De byldzjend keunstner is keazen fanwege de wichtige, resinte ûntwikkeling yn syn wurk. Hooymeijer kriget in jildbedrach fan € 5.000 en in útstalling yn it Frysk Museum, te sjen fan 27 novimber 2021 o/m 6 maart 2022. De keunstpriis wurdt op 26 novimber 2021 útrikt troch deputearre Sietske Poepjes op de iepening fan de eksposysje.

O.C. Hooymeijer (boarne: Frysk Museum)

Keunstner O.C. Hooymeijer wennet yn Spangea, yn in hûs mei atelier pal oan de râne fan de Rottige Meente, in fûgelgebiet by útstek. De keunstner is ûnder mear bekend fan syn ekspresjonistyske searje ‘The Great Exotic Birdshow’ en syn tekeningen en beskriuwingen fan ‘niet-bestaande Vogels’. Dy lêstneamde wurken binne bondele yn syn boek De Nieuwe Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa, dat yn 2019 nominearre wie foar de Jan Wolkerspriis. Syn ‘Niet-bestaande Vogels’ ferskine sûnt septimber 2020 ûnder de namme ‘De Wondere Vogelwereld fan O.C. Hooymeijer’ wykliks as kollum yn deiblêd Trouw.

Earder dit jier koene Fryske keunstners har oanmelde om yn oanmerking te kommen foar de Gerrit Bennerpriis 2021. In ûnôfhinklike advyskommisje mei leden út it wurkfjild, hat úteinlik trije kandidaten op de nominaasje setm dêr’t Hooymeijer de winner fan wurden is. De beide oaren wiene Machteld van Buren en Bouke Groen.

De sjuery bestiet dit jier út: Stina van der Ploeg, keunsthistoarika; Dirk van Ginkel, sjoernalist en redakteur keunstblêden en -boeken; Rieke Vos, kurator by Het HEM: nieuw huis voor eigentijdse cultuur in Zaandam; Noor Mertens, kurator dy’t sûnt juny 2021 Keunstmuseum Bochum, in stedsmuseum foar moderne en hjoeddeiske keunst midden yn it Ruhrgebiet, liedt en Hans Hoekstra, keunstner en dosint Akademy Minerva.

O.C. Hooymeijer
Hooymeijer (Vlaardingen, 1958) studearre yn 1981 ôf oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Rotterdam. Mei syn opfallende searjes skilderijen en tekeningen krige er nasjonale bekendheid. Syn wurken wiene ûnder mear te sjen yn it Natuermuseum Fryslân, Museum Jan van der Tocht en it Amsterdamsk Histoarysk Museum.

Gerrit Bennerpriis
De Gerrit Bennerpriis is troch de Provinsje Fryslân yn it libben roppen om it byldzjende keunstklimaat in ympuls te jaan. Mei de priis wol de Provinsje Fryslân de oandacht foar byldzjende keunst ûnder it publyk fergrutsje. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk. It is de 9e kear dat de Provinsje Fryslân dizze priis foar de byldzjende keunst takent. De titel giet yn 2021 nei in byldzjend keunstner, dy’t fan 2019-2021 in belangrike ûntwikkeling trochmakke hat. Yn 2023 is der wer in priis foar in byldzjend keunstner mei wurk út in langere perioade: in saneamde Oeuvrepriis.

oktober 7, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.