Noardlik Filmfestival iepenet mei ‘Silence of the Tides’

oktober 8, 2021 08:51 Fernijd

Fan woansdei 10 o/m snein 14 novimber wurdt it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert wer holden. Nei de annulearre edysje fan 2020 troch de twadde tichtplicht, sjocht de organisaasje no hoopfol út nei in hybride festival mei de klam op de fysike moeting en filmfertoaningen op it wite doek, oanfolle mei in lytse seleksje films fia ynternet.

Byld út ‘Silence of the Tides’ (boarne: Noardlik Filmfestival)

Foar de iepeningsjûn op woansdei 10 novimber stiet de grutte Nederlânske premjêre fan de bysûndere Waadfilm Silence of the Tides plend. In yntins sinematografysk portret fan regisseur Pieter-Rim de Kroon, dêr’t it hieltyd sykheljen fan it Waadgebiet sintraal yn stiet. De kaartferkeap set op 1 novimber útein.

De Kroon presintearret it Waadgebiet as ien massyf, sykheljend organisme, dêr’t alle eleminten yn yninoar gripe, beynfloede troch de stân fan de moanne en de sinne, en de magyske enerzjy út de kosmos. Silence of the Tides is in magysk earbetoan oan it grutste en meast fariearre oaniensletten yntertijgebiet op ’e wrâld, dat him útstrekt by de kusten fan Nederlân, Dútslân en Denemarken lâns. In film dy’t yn- en útazemet mei it tij fan it Wrâlderfgoed, wylst er de brekbere relaasje tusken minske en natuer ferkent.

Silence of the Tides wie earder op inkelde plakken lytsskalich te sjen, mar hat troch de koroanagoarre noch net de kâns hân om grutskalich presintearre te wurden. Yn gearwurking mei produsint Windmill Film en distributeur Cinema Delicatessen wurdt op it Noardlik Filmfestival dêrom de grutte Nederlânske premjêre organisearre. De film wurdt op 9 desimber yn de Nederlânske bioskopen útbrocht.

oktober 8, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.