Nijsgjirrige skiednis Arumer tsjerke-oargel

oktober 6, 2021 08:09

Arum, Lambertustsjerke. Foto Wikimedia Commons © Johan Weenink. CC BY-SA 3.0
https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/4/4e/Arum_hervormde_kerk_2009.jpg

Kommende sneon, 9 oktober 2021, sil de Ljouwerter stedsoargelist Theo Jellema yn Arum op ’e tekst oer de oargelskiednis fan de Lambertustsjerke dêr.

Yn it rike tsjerklik argyf fan Arum fûn Theo Jellema in skat fan ynformaasje oer de eardere en it tsjintwurdige oargel, mar ek oer wa’t se boud hawwe en wa’t derop spile hawwe of hopen dat se dat dwaan mochten.

Wa’t Jellema faker heard hat, wit dat it in boeiend ferhaal wurdt oer sa’n hûndert jier oargelkultuer. It seit himsels dat er it oargel ek bespilet en de mooglikheden dêrfan demonstrearret.

Dizze stúdzjemiddei fan de oargelisteferiening is foar elkenein dy’t dêr niget oan hat tagonklik.
De middei begjint om 13.30 oere en wurdt fansels holden yn de Arumer Lambertustsjerke. Foarôf opjaan hoecht net, mar wurdt wol op priis steld. Dat kin troch in mailtsje of in telefoantsje oan de skruwer, Jelle Rollema yn Raerd (j.rollema@planet.nl of 0515-521261)

oktober 6, 2021 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.