Nijsgjirrich en nedich boek oer flinters

oktober 2, 2021 11:11

Freed 1 oktober krige deputearre Douwe Hoogland it boek Dagvlinders in Fryslân, veranderingen vastgelegd oerlange. Dêryn jout de Flinterwurkgroep Fryslân foar de twadde kear in folslein oersjoch fan de deiflinters yn de provinsje. It boek lit de feroaringen fan de flinterpopulaasje yn de lêste tweintich jier sjen. Dy binne yn kaart brocht troch de sawat hûndert leden fan de wurkgroep yn ’e mande mei in protte oare flinterleafhawwers. Omdat dat tweintich jier lyn ek dien is, jout it ûndersyk in weardefol ynsjoch yn de ûntwikkelingen yn de flinterstân.

In protte flintersoarten hawwe it dreech, ek yn Fryslân. Omtinken foar wat flinters nedich hawwe helpt by it ynrjochtsjen en behearen fan in sûne libbensomjouwing, net allinne foar flinters, mar ek foar oare bisten en foar planten. Mei wat flinterkenners yn it boek beskriuwe kinne alle minsken en oangeande ynstânsjes oan de nedige betingsten wurkje.

Dagvlinders in Fryslân, veranderingen vastgelegd is foar € 25 (ferstjoerkosten € 5) te bestellen by siepsinnema@gmail.com en ek fia www.vlinderwerkgroepfriesland.nl

oktober 2, 2021 11:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.