Nije tiden, oare kneppels

oktober 3, 2021 20:10

Santich jier lyn, op freed 16 novimber 1951, wie der grutte opskuor op it Saailân yn Ljouwert. Dy hong nau gear mei lytsachtsjende hâlding fan de oerheid foar it Frysk oer. It barren spile in wichtige rol yn ‘e striid foar de emansipaasje fan ‘e Fryske taal. Uteinlik krige it Frysk yn de provinsje Fryslân in offisjele status.
Nettsjinsteande dy status wurdt it Frysk hieltyd minder brûkt. Dat komt foar in part trochdat de oerheid sleau mei de taal omgiet. It Fryslân Fûns, in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging, wol dêr wat oan dwaan. Sjoch op fryslanfûns foar mear ynformaasje.

Santich jier nei Kneppelfreed sit de wrâld oars yninoar. Yn 1951 moast it rjocht teplak set wurde. Hjoed-de-dei is mei in juridysk paad de oerheid yn beweging te setten: Urgenda wûn in rjochtssaak oer it fersleaukjen fan de klimaatoanpak. De oanpak fan Urgenda kin foar it ferbetterjen fan it Frysk mooglik fertuten dwaan. Rûnom binne der inisjativen om de Urgenda-oanpak te folgjen. Mar rjochtssaken kostje in soad jild. Dêrom is it Fryslân Fûns úteinset mei de aksje ‘Nije tiden, oare kneppels’.

Dat docht it fûns fia it crowdfundingplatfoarm geef.nl. It bestjoer hopet foar 31 desimber 2021 € 25.000 byinoar te garjen. De ferwachting is dat in soad ynwenners fan Fryslân (en Friezen om utens) de aksje stypje sille. Sjoch hjirre om dat te dwaan. In deimannich nei it earste buorkundich meitsjen fan de jildswylaksje is al mear as tûzen euro ophelle.

oktober 3, 2021 20:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas Aaldert van der Veen novimber 9, 17:33

    De leste sin is optimistysk. Der soen jo hast ut opmeitsje kinne dat it storm rint mei donaasjes, mar neat is minder wier, d’r ha noch mar 33 minsken wat joen. En d’r is noch mar 5% fan de winske opbringst binnen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.