Nije rige online pubkwissen mei Leo Blokhuis yn Top 2000 online kafee

oktober 21, 2021 08:45 Fernijd

Wat begûn as in inisjatyf mei de tichtplicht is ûnderwilens in fêst evenemint wurden: de Top 2000 online pubkwis mei Leo Blokhuis, streekrjocht fia it Top 2000 online kafee. Tsientûzenen muzykleafhawwers út hiel Nederlân wiene it ôfrûne jier yn it firtuele kafee oanwêzich om, allinnich of mei in klupke freonen, harren muzykkennis te testen.

Leo Blokhuis (foto: NTR)

Nei in simmerradiostilte organisearret de NTR op freed 22 oktober alwer de 15e edysje fan de Top 2000 online pubkwis. Fan 20.30 oere ôf fjurret Blokhuis op top2000onlinecafe.nl fia in livestream út syn wurkkeamer wei kwisfragen op dielnimmers ôf. Se kinne foar de NPO Radio 2 Top 2000 alfêst yn ’e stimming komme mei dy fleurige popkwis fol aardige klips, bysûndere fragminten en in fikse doasis nostalgy.

Leo Blokhuis (boarne: NTR)

Muzykkennis teste
Meispylje is ienfâldich troch freedtejûn 22 oktober tsjin healwei njoggenen nei top2000onlinecafe.nl te gean en op de keppeling nei de kwis te klikken. Foar it spyljen mei in ploechje is der de Tegearre Belibjeknop (op de side wiist him dat sels). Under it kwissen kin fia de sosjalemediakanalen en mail fan de Top 2000 a gogo fuortdaliks kontakt mei Blokhuis en de redaksje lein wurde

Oanmelde foar it Facebookevenemint kin fia dizze keppeling.

oktober 21, 2021 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.