Nije Kneppelfreed nedich foar Frysk yn rjochtseal?

oktober 8, 2021 09:41

Ynstjoerd

Dit jier betinke we 70 jier Kneppelfreed. Der waard doe yn 1951 yn Ljouwert letterlik fochten om Frysk prate te kinnen yn de rjochtbank. Dat rjocht kaam der en waard fêstlein yn de wet. No’t de lêste tolk Frysk opholden is en it rjochtbankpersoniel yn Ljouwert net allegear it Frysk machtich is, makket de Ried fan de Fryske Beweging him grutte soargen oer de ynfolling fan dat rjocht. Yn in brief freget de Ried de ferantwurdlike politisy yn De Haach mei klam om der yn oerlis mei de provinsje Fryslân noed foar te stean dat Friezen yn Fryslân Frysk prate kinne foar de rjochter en ek útdruklik op dat rjocht wiisd wurde.

De Ried is fan miening dat in tolk yn Fryslân net nedich wêze moat en dat de oplossing fûn wurde moat yn it oanstellen fan rjochtbankpersoniel dat it Frysk aktyf, mar op syn minst passyf, behearsket. Salang’t dat net it gefal is moatte der fansels altyd kwalifisearre tolken Frysk beskikber wêze dy’t fatsoenlik foar har wurk betelle wurde.

Dit jier betinke we yn Fryslân 70 jier Kneppelfreed. It sil dochs net sa wêze dat nei 70 jier in nije Kneppelfreed nedich is om foar Friezen op ’e nij harren taalrjochten te befjochtsjen?!

Oanslutend op it debat oer de kwestje op 30 septimber yn de Twadde Keamer en it oanbieden fan in petysje troch it Steatekomitee Frysk op 6 oktober hat de Ried de brief stjoerd nei de fêste Keamerkommisjes fan Ynlânske Saken en fan Justysje en Feilichheid, nei de demisjonêre ministers Ollongren, Dekker en Grapperhaus en nei DS en PS fan Fryslân.

Deistich Bestjoer Ried fan de Fryske Beweging

Sjoch hjir, hjir en hjirre foar nijsberjochten oer de kwestje.

Lês de brief fan de Ried fan de Fryske Beweging.

oktober 8, 2021 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.