‘Nij medisyn tsjin koroana gjin wûndermiddel’

oktober 5, 2021 09:14

Firologen binne bliid mei it nije middel molnupiravir yn ’e striid tsjin koroana, mar sette der wol kanttekeningen by. De earste ûndersiken fan de Amerikaanske produsint Merck wize derop dat mei dat middel berikt wurdt dat gâns minder minsken mei koroana nei it sikehûs moatte en/of deroan stjerre.

Foto: pixabay.com

Firologen achtsje de resultaten bemoedigjend en it middel in wolkomme oanfolling, mar sjogge ek beheiningen. Sa moat bygelyks binnen fiif dagen nei it ûntstean fan klachten mei it ynnimmen begûn wurde. Foardat in diagnoaze steld wurdt, kinne der dochs in pear dagen ferrûn wêze. In wichtich foardiel is dat molnupiravir yn pilfoarm beskikber is, en net, lykas remdesivir, fia in ynfús it lichem ynbrocht wurde moat.

Om resistinsje tsjin te gean is in kombinaasjeterapy fan antivirale middels oanrikkemandearre, mar foar koroanae binne dy middels binne der noch net. Dêr wurdt lykwols oan wurke. As molnupiravir as ôfsûnderlik midddel op ’e merk komt, moat it benammen by de risikogroepen ynset wurde, sizze firologen. It giet dan om âlderen, minsken mei ûnderlizzend lijen en minsken by wa’t de faksins net genôch oanslaan.

oktober 5, 2021 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.