Nij ferskynd by útjouwerij Afûk: ‘A is fan aapke / A is een aapje’

oktober 5, 2021 08:47

By útjouwerij Afûk is ferskynd a is fan aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart. A is fan aapke is in biste-alfabet mei teksten op rym geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It is in saneamd omkearboekje mei oan de iene kant de Fryske teksten en fan de oare kant ôf de Nederlânske. It boek is skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch syn dochter Ankemarije.

Ofbylding: Ankemarije Dam, boarne: Afûk

a is in letter 
al krekt sa’n wûnder as de z 
it sjongt en gûnzet, sist en snettert 
fan bisten yn it alfabet 
a is een letter 
ver weg van de z 
dichtbij zijn de dieren 
van het alfabet 

Oer de skriuwer 
Eppie Dam (De Pomp, 1953) is dichter, skriuwer, berneboekeskriuwer, skepper fan liturgysk wurk, fertaler en poëzyresinsint. Hy debutearre yn 1978 mei de dichtbondel Mei de jierren en de ferhalebondel Strie oerdwers. Yn 2017 krige er de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Fallend ljocht. Syn earste Fryske berneboek Spinaazje op spikers en oare ferhalen kaam út yn 1986. Foar Dingeman krijt wjukken krige er yn 2001 de Simke Kloostermanpriis. Dêrnei ferskynden der noch ferskate berneboeken, lykas Fjouwer dappere mûskes yn 2012 en yn 2017 Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters. Dit boek waard foardroegen foar de IBBY Honour List 2020.

Oer de yllustratrise 
Ankemarije Dam (dochter fan Eppie Dam) is al acht jier aktyf yn de grafyske sektor en hat û.o. de omslaggen makke foar de dichtbondel In aap foar de bokkewein (2017 en it lieteboek Hertslach (2019).

Boekgegevens 
a is in aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart
Auteur: Eppie Dam | Yllustraasjes: Ankemarije Dam | Utfiering: hurd kaft | ISBN: 978 94 93159 69 3.

oktober 5, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.