Nederlanners wrâldwiid op fjirde plak rykste boargers
Resint ferskynd
Nederlân stiet mei in trochsneed nettofermogen fan hast 129.000 euro de ynwenner op it fjirde plak yn ’e ranglist fan rykste lannen op ’e wrâld. De list is gearstald troch de Dútske fersekerder Allianz yn it Global Wealthrapport oer 2020. Yn it rapport wurde de fermogens en skulden fan hast sechtich lannen yn in rangoarder set.
Nederlânske húshâldens binne ûnder mear riker wurden trochdat pensjoenfûnsen it goed dien hawwe as gefolch fan de beurskoersen dy’t omheech gien binne. It rykste lân is de Feriene Steaten mei in trochsneed nettofermogen fan 218.000 euro, folge troch Switserlân (212.000 euro) en Denemarken (149.000 euro). Wrâldwiid bedraacht it trochsneed nettofermogen 36.000 euro.
Amerikanen binne ryk trochdat se mear as de helte fan harren fermogen belein hawwe. Switserlân docht it goed op ’e list om’t it lân in protte riken oanlûkt fanwege de lege belestingen. Nederlân stiet heger as yn eardere listjes fan Allianz, ûnder mear trochdat der yn ’e koroanakrisis relatyf in protte sparre is.
De ûndersikers skriuwe dat 2020 in jier fan grutte kontrasten wie. Troch de koroanagoarre binne miljoenen minsken harren ynkommen kwytrekke en in protte húshâldens hawwe troch de krisis mear skulden makke. Oan ’e oare kant is in protte wurkgelegenheid beholden tanksij stipe fan de oerheid.
Nederlanners binne yn trochsneed riker wurden, mar de ferskillen tusken húshâldens binne relatyf grut, skriuwe de ûndersikers. Dat komt trochdat Nederlânske húshâldens mei net folle fermogen in protte skulden hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje