Sikke Neurich: Nazy-fassinaasje

oktober 9, 2021 07:05

Kollum

In edukatyf doel! Jawis, hoe koe ik dêroan twivelje? Dat is de betsjutting dy’t de organisatoaren fan de Militariabeurs yn Houten deroan tafoege hawwe. Dolken mei heakkekrusen, en SS-biedwurden, bústes fan Hitler, en folle net genôch. En wat moat ik dan ferstean ûnder it edukative doel, dat troch de organisator op it aljemint brocht wurdt? Ik moat der net oan tinke om yn in fermidden fersyld te reitsjen dêr’t in búste fan Hitler pontifikaal op it dressoir stiet te pronkjen. Ik soe dat fermidden, al bestie it ek út famylje, freonen of kunde, op dat stuit sûnder stjit of slach ferlitte. Deagewoane samlers, neffens de organisator? Kom no, deagewoane fassisten sil er bedoeld hawwe.

Ik kin my net yntinke dat ien, as er foar 2.500 euro in joadestjer mei in boekje mei de persoansgegevens fan de draagster keapet, in gewoane samler is. Nee, ik haw de lêste tiid hieltiten mear noed oer dat ferskynsel. Ik hoech de telefyzje mar oan te dwaan of der is ien of oare demonstraasje foar. Ik kin my net oan de yndruk ûntlûke dat der, withoefaak, ûnder de demonstranten tsjustere figueren omswalkje dy’t in tekst of ding foar ’t liif hawwe te hingjen dêr’t de fassistyske tinkwize fan ôf dripket. De ferguodlikjende reaksje fan de organisator haw ik hielendal op in pypfol. Dêrom kin ik my efter it beslút fan it CIDI en it CJO opstelle om oanjefte te dwaan.

Ik lês in protte histoaryske lektuer en benammen oer de Twadde Wrâldoarloch. Mar ik kin it net langer mear by allinne lêzen hâlde. Guon ûntwikkelingen yn ús tiid en mienskip twinge my om net mear efteroer te leunen, mar de needklok te lieden. Ik doel op de komplottinkers dy’t mei soms oannimlik lykjende, mar net-bewiisde teoryen ús maatskippij besykje teskuorren. Tsjerklike ynstânsjes, ek dy fan de PKN, dêr’t iksels diel fan útmeitsje, mochten wat my oanbelanget de klokken op dit mêd ek wat lûder hearre litte. Lit ús ek wach bliuwe op bewegingen lykas dy fan it Forum voor Democratie yn ús lân, en ferskate groepen en partijen yn it bûtenlân, dy’t iepenlik, mar noch faker temûk, it fassistyske/rassistyske evangeelje rûnstruie.

Ja, ja, we libje yn hektyske tiden. Asjeblyft, lit ús wach bliuwe. Wat dat oanbelanget hat de koroana-epidemy ús wekker skodde en yn ’e wachstân set. Neffens in buorfamke fan myn freon hawwe alle minsken dy’t har faksinearje litten hawwe in chip ynbrocht krige, sadat it regear harren kommen en gean folgje kin. Mei it stikem knypeagjen nei myn oerbuorfrou bin ik daliks opholden. Wol sliep ik al folle gerêster.

 

oktober 9, 2021 07:05
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma oktober 12, 17:55

    Wach wêze begjint mei de eigen namme ûnder de stikken!

  2. Erwin2.0 oktober 13, 11:41

    Krekt, namme ûnder de eigen stikken sette.

    En om eefkes op dyn stik yn te gean. Fierwei de grutte mearderheid fan de bern yn sa’n bytsje ALLE West-Europeeske stêden is net-westersk allochtoan. Do hoechst der net oer yn te sitten dat blanke minsken dêr überhaupt noch wat útrjochtsje sille. Blanke oerhearsking is in ding út it ferline en hat neat te krijen mei de takomst.

    By mister Sikke Neurich is dat feit noch net oankommen. Mister Sikke Neurich libbet noch yn in fier ferline en hat gjin idee hoe’t de wrâld om him of har feroare is. Dêr kinst allinnich mar begrutsjen mei hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.