Natuergebieten op de Feluwe yn briedseizoen ôfsletten

oktober 13, 2021 08:24

De provinsje Gelderlân sil parten fan natuergebieten op de Feluwe yn it briedseizoen ôfslute foar rekreanten. By de rannen sil plak wêze foar rekreaasje, hoareka en besikerssintra. Oare parten wurde ôfsletten om tige kwetsbere natuer de romte te jaan.

Foto: pixabay.com

Yn in part fan dat gebiet mei bûten it briedseizoen noch wol kuiere, fytst of hynsteriden wurde. Oare parten geane op slot. In stikmannich bûtens en definsjeterreinen is al ôfsletten. Parten fan it Kootwijkerzand en it Hulsthorsterzand wurde in tal moannen yn it jier sletten. It giet foaral om gebieten mei stosân, dêr’t unike plante- en bistesoarten binne.

Neffens de provinsje en natuerbehearders is it ôfsluten nedich om de natuer better te beskermjen. Dy hat in protte te lijen fan toeristyske drokte, útstjit fan stikstof en drûchte. Langjierrich ûndersyk hat oantoand dat ûnder oare de dúnpiiper, de beamljurk, de nachtswel, de sânhagedis en de njirre it dreech hawwe of al ferdwûn binne.

oktober 13, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.