NASA: Earste planeet bûten ús Molkenpaadstelsel ûntdutsen

oktober 27, 2021 08:54

Credits: X-ray: NASA/CXC/SAO/R. DiStefano, et al.; Optical: NASA/ESA/STScI/Grendler

Foar it earst liket der in planeet ûntdutsen te wêzen yn in hiel oar stjerrestelsel, dus bûten ús Molkenpaad. Dat berjochtet de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA yn in parseberjocht.

De ûntdekking waard dien mei de Amerikaanske romteteleskoop Chandra, dy’t de fermoedlike planeet yn it stjerrestelsel M51 fûn, op likernôch 28 miljoen ljochtjier fan it Molkenpaad en ús sinnestelsel. Mei romteteleskoop Chandra hawwe de wittenskippers de eksoplaneet sels net sjoen. Wol hawwe de gelearden de röntgenstrieling metten dy’t troch it stelsel útstjoerd wurdt.

Us sinnestelsel telt acht planeten: Merkurius, Fenus, de ierde, Mars, Jupiter, Saturnus, Uranus en Neptunus. Dêrneist hawwe wittenskippers ûnderwilens hast 5000 eksoplaneten fûn, planeten dy’t om oare stjerren yn ús Molkenpaad draaie. De measte steane binnen 3000 ljochtjier ôfstân, foar romtebegripen tige tichtby. In ljochtjier is de ôfstân dy’t it ljocht yn in jier ôfleit, hast tsien biljoen kilometer. Ut de berekkeningen docht bliken dat de planeet likernôch like grut as Saturnus wêze moat. Kâns op libben is der op dy planeet net. Der is dêr in te sterke deadlike strieling.

oktober 27, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.